Eksekúsjes by de Koepelbosk yn Aldeberkeap

april 11, 2020 08:46

Oarlochsferhaal fan Jangerben Mulder

Lútzen van der Wal (foto histoarysk Argyf Aldeberkeap)

Dit ferhaal giet oer Lútzen van der Wal, berne yn Nijskoat en letter ferfearn nei Welgelegen by Jobbegea. Lútzen siet yn it ferset en hie as skûlnamme Micky. Hy hie in grutte steat fan tsjinst yn de yllegaliteit. Op de Grebbeberch hie er ferskate maten sneuveljen sjoen en doe’t er de 14e maaie wer thúskaam wie er in oar minske wurden. Hy wegere om foar de Dútsers te wurkjen en dûkte ûnder. Yn 1941 waard er oanholden en krige er fyftjin jier twangarbeid yn Dútslân. Dêr is er útnaaid en hat er him, werom yn Nederlân, oanmeld by it ferset. Hy wie doe aktyf by knokploech Drinte. Ien fan syn grutste wapenfeiten wie dat er help ferliende by it feilich fuortbringen fan befrijde fersetsstriders út de finzenis fan Assen op 11 desimber 1944. Lútzen bestjoerde de tsiiswein mei de frij krigen fersetsminsken nei ûnderdûkadressen yn Bakkefean, Donkerbroek, Haulerwyk en Aldeberkeap. Hy dûkte doe sels ûnder by Arend Nooij yn Aldeberkeap.

Yn maart 1945 waard Lútzen troch in pear Dútsers pakt efter bakkerij Dekker. Yn ôfwachting fan syn transport nei Crackstate op it Hearrenfean hiene se him fêstset efter stikeltried yn in dearinnend steechje yn it sintrum fan Berkeap. Lútzen wist dat dit syn dea wurde soe, mar doe waarden de twa oppassers ôflaat troch twa foarbykommende froulju. It ferset wie al gau op ’e hichte brocht dat se Lútzen pakt hiene. Der waarden twa koeriersters op ôfstjoerd. Hja fregen it paad nei de skoalle en diene krekt as snapten se neat fan de útlis fan de oppassers. Yn de tiid dat se drok mei de útlis dwaande wiene is Lútzen fluch oer it stikeltried klommen en útnaaid. De oppassers hawwe noch wol sketten, mar hy waard net rekke. Op it hiem fan boer Heida, dy’t bekend stie as de bultboer, luts er syn jas út om hurder rinne te kinnen. De bultboer seach it en hat de jas gau yn de jarrekolk smiten. Lútzen is doe ûnderdûkt by boer Hoogeveen oan de Boppewei yn Berkeap.

Op tongersdei 12 april kamen de Kanadezen Berkeap yn en rjochten se yn de opkeamer fan boer Heida in tydlik haadkertier yn. De foarige deis wie ien fan harren kameraden sneuvele yn Aldeholtpea, se rieden yn in hinderlaach. Dy soldaat, Wilfred Berry, is op it hiem fan Heida begroeven.

Op freedtemoarn 13 april brochten de Kanadezen de earste kriichsfinzenen oan, Dútske soldaten dy’t har oerjûn hiene. Se brochten se byinoar op it gersfjild foar de opkeamer fan de famylje Heida oer. De mannen waarden bewekke troch twa minsken fan it ferset, dy’t kontakt socht hiene mei de Kanadezen, Foppe Kuiters en Lútzen van der Wal. Letter kamen der noch Nederlânske Waffen-SS’ers en lânwachters by as finzenen. Dêr wiene trije Grinslanners by, Otto Frikken, Heike Ham en Douwe Jonkman en twa út Gelderlân, Hendrik Dales en Gerrit Seevinck. De jongste lânwachter wie Bertie Hommes, 19 jier. Hy wie soan fan in kafeehâlder, in NSB’er dy’t oant 1943 yn Noardwâlde wenne en doe nei Stienwyk ferfearn wie.

By de Kanadezen rôp it grêf fan harren maat Wilfred Berry wraaksucht op. Se wisten eins net wat se mei de tsien finzenen oan moasten. De Nederlânske ferbiningsoffisier naam kontakt op mei it haad fan de lânbouskoalle, K. Bosje, lid fan de Binnenlânske Striidkrêften. Hy fertelde dat se lânwachters en SS’ers as finzenen hiene en dat de Kanadezen se wol oan harren kwyt woene. Jo meie se wol ha en doch der mar mei wat jo wolle, hearde in ferstuivere Bosje oan. Hy tocht efkes nei en wegere. Dan moatte wy ús der mar mei rêde, sei de offisier en gie nei Heida werom.

Hjir wie it haadkertier fan de Kanadezen (foto Histoarysk Argyf Aldeberkeap)

In skoftsje letter besleat de Kanadeeske kommandant dat de tsien lânferrieders nei it ynternearringskamp yn Vledder brocht wurde moasten. Se soene der mei in legerauto mei in Kanadeeske sjauffeur hinne brocht wurde. Lútzen en Foppe giene mei as bewekkers. Hoe’t it fierder gien is, is net dúdlik.

It wapen fan Lútzen is nei alle gedachten by fersin ôfgien. De lânwachters en de SS’ers soene him de gek oanstutsen hawwe. Ien fan de finzenen hie noch in pistoal by him dat by it fûllearjen net fûn wie. Lútzen waard dûm en de finzenen moasten út de wein komme en waarden op in rige set en ien foar ien delsketten. Wie dat yn opdracht of wie it spontaan? Ut betroubere boarne blykt dat it spontaan bard is. De finzenen binne yn in massagrêf yn de berm fan de Boppewei bedobbe. Myn suster wie doe 14 jier, ik haw har frege oft se dêr noch wat fan wist. “Ja”, sei se, “we ha doe mei in groep famkes boppe op it grêf stien te dûnsjen. It wiene lânferrieders.”

Letter, op 2 july, binne se wer opgroeven. Doe die bliken dat der ien fan de grüne Polizei by wie. Nei de oarloch hat de ryksresjerzje in ûndersyk dien. Dat rapport waard net iepenbier makke. It is nei it ûndersyk troch justysje net ta in ferfolging kommen.

Lútzen is yn 1945 nei De Haach ferfearn en hat dêr as steward wurke. Hy hie dêr fiif bern en is letter skieden fan syn frou. Mar it drama is him net yn de kâlde klean sitten gien. As der frjemd folk oan de doar kaam, waard er bang dat justysje him helje soe. Hy wie der altiten op taret dat der wat barre koe. Syn twadde houlik gie ek stikken en dêrnei is er wer nei it noarden ferhuze. Dêr hie er in stewardes as frou, dêr’t er noch in bern by krige.

Betinking yn augustus 1945 by it tydlik grêf fan Wilfred Berry, sneuvele op 12 april 1945 (foto Histoarysk Argyf Aldeberkeap)

Goasse van der Bos fan de Himrik, amateur histoarikus, fûn in oprop fan in jonge frou, Sifourney Kartopawiro, in styfbern fan Lútzen jr. mei de fraach oft immen wat wist oer de fersetsman Lútzen van der Wal. In soan fan Lútzen út syn twadde houlik, Lutzen jr., wie al jong marinier wurden en hie de hiele wrâld ôfreizge. Doe’t er âld wie besocht er oare famylje te finen. Yn 2017 hat Goasse in ôfspraak makke op de Himrik. Sa binne der gegevens útwiksele dy’t ek yn dit ferhaal brûkt binne.

In part fan it ferhaal fan Lútzen hat yn desimber 2017 yn de Berkeaper doarpskrante de Dreijer stien. De skriuwer Hansma hie it yn it Fryske ynlevere, mar dat waard net akseptearre, it moast yn it Nederlânsk.

Boarne: De LC en G. v.d. Bos en H. Hansma.
Mei tank oan it histoarysk argyf fan Aldeberkeap foar it brûken fan de foto’s.
april 11, 2020 08:46
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.