Eastenrikers meie wer yn groepen fan tsien byinoar komme

april 28, 2020 10:25

Eastenryk ferrommet de maatregels tsjin it koroanafirus fierder, hat minister Anschober fan Folkssûnens bekendmakke. Eastenrikers meie op it stuit allinnich noch nei bûten ta om te boadskipjen of in eintsje hurd te rinnen. Dy regels ferrinne op 30 april en de minister sjocht gjin reden om se te ferlingjen.

Wenen (foto: pixabay.com)

Nei de ferromming meie Eastenrikers wer mei maksimaal tsien minsken tagelyk byinoar komme. As se net diel útmeitsje fan deselde húshâlding moatte se dan wol teminsten ien meter ôfstân ta inoar bewarje.

Earder giene lytse winkels al iepen en neffens skema meie begjin maaie Eastenrykske kapperssaken ek wer iepen. Heal maaie kinne de restaurants de doarren wer iependwaan. Op 29 maaie folgje de hotels. Oft dat bestjut dat bûtenlânske toeristen ek wer komme kinne, is net dúdlik.

april 28, 2020 10:25
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. A. Kramer april 29, 12:10

    Yn Nederlân is dit stranger wurden. Yn ‘t earstoan mocht gearkloftsje mei oardel meter ôfstân. No stiet opins op de Webside fan it R.I.V.M. dat dêr ” tegen opgetreden kan worden”
    Lytsskaliche optredens by fersoarchingshuzen sille dan kwalik mear kinne.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.