Earste boek oer Fryslân en de Friezen yn Turkije ferskynd

april 8, 2020 09:50

Ibrahim Sediyani, in Koerdyske sjoernalist en skriuwer út Turkije dy’t yn Dútslân wennet, hat it earste boek oer Fryslân en de Friezen yn Turkije publisearre. It boek Frizya ve Günümüzde Frizler (Fryslân en tsjintwurdich de Friezen) is útjûn troch Bir Kitap Utjouwer. 

Ofbylding: Bir Kitap

It 173 siden tellende boek jout ynformaasje oer de Fryske geografy, skiednis, kultuer, taal en literatuer, dy’t yn trije lannen terjochte komme: Dútslân, Nederlân en Denemarken.

Fryslân en de Friezen binne ûnbekend yn Turkije. It doel fan sjoernalist en skriuwer Ibrahim Sediyani is om fia dit boek Fryslân en de Friezen yn Turkije te yntrodusearjen. Sediyani wennet yn Dútslân en hâldt fan Fryslân. Hy reizge faak nei Fryslân. It nij ferskynde boek ropt yn Turkije al grutte belangstelling en nijsgjirrigens op.

april 8, 2020 09:50
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.