De slach om Teksas – fan snein ôf by de NTR

april 2, 2020 09:44

Fan no snein ôf stjoert de NTR de fjouwerdielige dokumintêresearje De slag om Texas út. Dêryn reizget Eelco Bosch van Rosenthal troch de Amerikaanske steat Teksas, dêr’t it Amearika fan de takomst tige rap foarm kriget.

Foto: Hans Pool/NTR

Ferjit de klisjees
Desennialang gou Kalifornië as it ûnthjitten lân. No is dat Teksas, in steat grutter as Frankryk. No al is ien op de tsien berten yn de Feriene Steaten dêr.

De grinssteat yn it suden – soe it in selsstannich lân wêze, dan wie it de tsiende ekonomy yn ’e wrâld – wurket as in magneet op nijkommers fan bûten en binnen de Feriene Steaten. Hja fine der wurk, romte en betelbere húsfêsting. De Hollywood-klisjees kinne fergetten wurde: Teksas is in moderne steat dy’t yn rap tempo feroaret.

 

Foto: Hans Pool/NTR

Yn ’e frontliny
Mar mei de groei kaam ek de diskusje. Booming Teksas lei de ôfrûne jierren yn ’e frontliny fan alle grutte debatten dy’t yn de Feriene Steaten fierd waarden: oer ymmigraasje, oer klimaatferoaring en oer de fraach oft Amearika noch wol in demokrasy is.

Presidintsferkiezings
Mei de presidintsferkiezings yn it fizier reizgen Nieuwsuur-sjoernalist Eelco Bosch van Rosenthal en regisseur Hans Pool troch Teksas, dêr’t men no al sjen kin hoe’t Amearika der yn ’e takomst útsjocht.

Foto: Hans Pool/NTR

Oflevering 1 (snein 5 april, 20.35 oere, NPO 2): De ferlosser
Wylst Amearika’s grutste steat Kalifornië wrakselet, groeit de nûmer twa, Teksas, as koal. Fanwege de komst fan foaral milennials en minderheden rûke de Demokraten ynienen kânsen yn in steat dy’t sûnt 1976 op de Republikeinen stimt. De tige populêre politikus Beto O’Rourke giet yn in foarstêd fan Houston by de doarren lâns om syn partijgenoaten te helpen. Mar tûzen kilometer nei it noardwesten, yn ’e konservative Teksas Panhandle, kenne se mar ien ferlosser: Donald Trump.

 

Utstjoerings: sneins 5, 12, 19 en 26 april, 20.35 oere, NPO 2
Webside: www.ntr.nl/deslagomtexas

april 2, 2020 09:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.