Bysûndere útrikking streektaalprizen
Resint ferskynd
De twa winners fan de streektaalpriis fan it Dagblad van het Noorden krigen ferline wike net de feestlike útrikking dy’t oars by de jierlikse priis heart. Troch de koroanamaatregels wie der freed in sljocht-en-rjocht oarlangjen fan de priis, sûnder omballings.
Ien fan ‘e twa prizen wie foar de Grinslânske sjonger Jan Henk de Groot. Hy krige de priis foar syn tredde Grinslânsktalige cd, De wolf is trug. De sjuery ûnder foarsitterskip fan Eric van Oosterhout, neamde de plaat “een ijzersterk album van een ervaren en getalendteerde artiest die de obstakels in zijn leven omzette in prachtige muziek”.
De oare priis wie foar de Drintske skriuwster Marga Zwiggelaar. Hja krige de priis foar it boek Maagie in het ies, in histoaryske misdiedroman yn it Drintsk, dy’t foar in grut part yn it 18e-iuwske Fryslân spilet.
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje