Brabânsk begjint mear én minder op it Hollânsk te lykjen
Resint ferskynd
De Brabânske dialekten feroarje. Dat seit taalkundige Kristel Doreleijers yn in fideokolleezje op it webstee quarantainecolleges.nl. Frou Doreleijers ûndersiket it wurdslachte yn it Brabânsk. Hja fertelt dat it ferskil tusken manlike en froulike wurden weiwurdt út it Brabânsk. Yn it Hollânsk is dat al lang sa: manlike en froulike wurden foarmje foar in protte minsken no ien slachte: it de-slachte.
Manlike wurden hawwe yn it Brabânsk in lidwurd dat yn it Hollânsk net bestiet, nammentlik ene(n). Jonge minsken dy’t it ferskil tusken manlike en froulike wurden net mear oanfiele, brûke dat opfallende lidwurd no ek by froulike en sels by ûnsidige wurden, sa hat de taalkundige ûntdutsen.
It kolleezje is hjirûnder te besjen:
Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze
Skriuw in reaksje