Bouwe de Boer: Fryslân – Skjinnerlân 38

april 2, 2020 10:54

Ynzoome op teams

Kollum

In baan mei sa’n soad ferskillende kanten as dy fan my, kin ik my net foarstelle. Alle dagen praat ik mei tsientallen minsken dy’t dwaande binne mei duorsume dingen. Dingen dy’t se meastal mei oaren dogge om bygelyks in dielauto yn de wyk te krijen, in sinnepark te realisearjen, mar ek om ynhâld te jaan oan Fryslân as ‘bloeisône’. It kin ek samar gean oer de global goals (de saneamde SDG’s, de Sustainable Devolopment Goals). Oerlis mei de Fryske enerzjykoöperaasjes komt faak foar. De Freonen fan FossylFrij Fryslân en de Fossylfrije wiken… De aginda stiet foar alle dagen fol fan moarns ier oant jûns let. In moaiere baan… ik kin it my net foarstelle.

Oant no… Frijwol alle ôfspraken binne útsteld of ôfsein. No’t ik dit skriuw is it tiisdei en ik moat no neitinke wat ik dwaan sil! Dat is efkes wat oars! Alles is efkes oars. In praatsje meitsje op ’e dyk is al net sa noflik mear, want hieltyd sjit my de oardel meter troch de holle. En ik wol graach nei de hierknipper, mar sit dat der de kommende wiken wol yn?

Koroana is in machtich firus! It hat de wrâld yn ’e greep op in wize dy’t gjinien foarsizze koe. Gjinien…? Dochs wol! Bill Gates foarsei yn 2015 al dat soks ús grutste bedriging wurde soe. Unfoarstelber dat immen dat oankommen sjocht, en men kin jin noch minder foarstelle dat dêr net serieus nei harke is. Alhoewol… sa ûnfoarstelber is dat net. Dat bart withoefaak: amper reagearje op sinjalen fan in tichterby kommend ûnheil, oant it safier is. En it is safier… Hjoed is de Akkrumer Reuzedei útsteld, de Olympyske spullen, de Alvestêdefytstocht, in lytse greep út de tsjinrampen dy’t alle dagen gruttere foarmen oannimme.

Samar ynienen binne der biljoenen euro’s beskikber om de problemen oan te pakken, sûnder dat we witte oft we it wol goed oanpakke. Dat jout in soad fertrouwen, mar ek ûnrêst en kabaal. De wrâld leit efkes stil. Oer in healjier witte we miskien hoe’t it kaam, hoe’t we it better dwaan kinnen hiene en hoe’t we in oare driging tefoaren komme kinne. Oer in healjier..? Dat soe moai wêze, mar it kin ek samar langer wêze.

De klimaatkrisis liket in bytsje op de koroanakrisis. Allinne is it firus folle rapper. Dat betsjut: gau oanpakke en dan… blykt dat ek te kinnen. De klimaatkrisis komt folle stadiger. Tritich jier lyn waard al troch foaroansteande saakkundigen foarsein dat de CO2-útstjit in klimaatferoaring teweibringe soe. Underwilens tikje we de 1,5 graad ferheging al oan yn Nederlân. It ministearje fan VROM makke om 1990 hinne grutte plannen mei ambisjeuze doelen… dy’t nea helle waarden. It hiele ministearje waard sels yn 2010 opdoekt. De klimaattaak waard ûnderbrocht by it ministearje fan Ekonomyske Saken. Tsja… dan fielt men al oankommen dat de lokale ekonomy swierder waacht as it globale klimaat. It is net om ’e nocht dat wy yn Europa efter de feiten oan rinne.

Mar… der is ek hoop! Koroana lit sjen dat wy allegear mei-inoar echte feroaring doare te realisearjen. Mei in soad pine, in hiel soad pine, liket it. Mar wy fiele mei-inoar dat dy pine nedich is om noch folle mear pine foar te kommen. In tige nijsgjirrich proses! Ekonomysk in drama, mar tige needsaaklik, fiele we massaal. De treinen en bussen binne leech, auto’s steane massaal stil, wy foldogge yn ienen oan in protte miljeunoarmen, dêr’t we twa moanne lyn noch fan seine dat se net te heljen wiene.

Ik ha ferline wike trije on line gearkomsten belibbe. Skype, Zoom, Teams; se besteane al lang, mar ik hie der hast nea gebrûk fan makke. No wol, en it is folle aardiger en makliker as ik tocht. Fan ’e moarn haw ik my noch twa oeren reistiid besparre troch in besprekking fan in healoere mei fjouwer minsken tagelyk telefoanysk te hâlden. Soks sil de kommende wiken grif noch faker dien wurde.

Ik pretindearje perfoarst net dat ik in fisjonêr as in Bill Gates bin, mar ik wol dochs foarsizze dat dizze tiid ús ta it ynsjoch bringt dat we folle mear kinne as we tinke. Yn saken as bioferskaat, klimaat, wurkgelok, iensumens, wurkgelegenheid, sûnenssoarch en ûnderwiis binne de ferbûnens mei en de ôfhinklikens fan ús ekonomyske ‘wetten’ fierstente grut wurden. Der is dochs gjin ramp foar nedich om dy saken oars yn te rjochtsjen? Wy hawwe teams (as dit kabinet) nedich. Oprjochte hulde oan Rutte mei syn ploech. Harren oanpak jout hoop en fertrouwen yn in nije, mear lokaal rjochte takomst!

Bouwe de Boer wennet yn Akkrum en is projektlieder fan Freonen fan FossylFrij Fryslân.
april 2, 2020 10:54
Skriuw in reaksje

2 opmerkingen

  1. Johannes Rozenga april 2, 19:14

    Jo sizze hulde oan ‘e ploech fan Rutte. No dy hat it earst yn ‘e lytse loege brocht de lêste jierren. It RVIM docht it wittenskiplik wurk en Rutte is mei syn ploech de boadskipper en kriget lof. De ploech begûn te let mei maatregels. Alle IC’s wiene fuort besunige. IC’s meiwurkers op strjitte setten. Ik haw oeren besparre op reistiid troch kompjûter fideo oerlizze, sizze jo. No, no jo dogge it aardich. Bill Gates hy it fersjoen sizze jo. In húsdokter yn Nederlân wie der ek al jierren mei dwaande en learde oare dokters om der mei om te gean. Jo dogge in soad, mar it regear docht measten neat, dan jout jo wurk ek net folle. Wat oars: de boeren sizze it wurdt skjinner yn ‘e loft, ek troch ús. Der is noch gjin boer dy’t in ko fuort dien hat. De eksport is fuort fallen, mar de kij binne bleaun en jouwe like folle stikstof.

  2. Johannes Rozenga april 2, 21:48

    En jouwe like folle NH3, Ammoniak. (Net stiikstof).

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.