Boek oer de Waadeilannen: ‘Glans op het wad’

april 29, 2020 08:54 Fernijd

Ferline wike ferskynde by útjouwerij Noordboek Natuur de nije publikaasje Glans op het wad. Dêryn sketst auteur Dick Hoekstra op tagonklike wize de hiel eigen skiednis fan de fiif Nederlânske Waadeilannen en harren bewenners. Op syk nei in ‘eilânidentiteit’ ûndersocht er de geografyske, politike en sosjale ûntwikkelingen op ’e eilannen, dy’t in rûziger skiednis efter de rêch hawwe as mannich toerist (en bewenner) tinkt.

Ofbylding: Noordboek Natuur

Elts eilân biedt neist de bûtengewoane natuer fan strân, see en dunen, ek prachtige rustike doarpkes. Dat is net ‘fansels’ kommen. It ûntstean fan it kultureel-histoarysk erfskip hat in lange en foaral rûzige skiednis. It begûn mei stoarmfloeden, ferdronken doarpen, talrike, soms eigensinnige mûntsen, bestjoerders en eilâneigeners. En wat te tinken fan de walfiskfarders en de rol fan guon eilannen as letterlik ankerpunt fan de him net te kearen ûntwikkeljende Nederlânske ekonomy yn de 17e en 18e iuw? Natuerbehearders setten har yn de 19e en 20e iuw yn om eilannen oerlibje te litten troch de yngenieuze oanplant fan bosken en it oanbringen fan dún- en dykfersterkingen. En doe kamen de toeristen.

It ferline is op alle eilannen noch goed te sjen, ûnder mear yn de foarm fan natuer- en ryksmonuminten. Se drage by oan de eilânidentiteit, dy’t men as toerist net allinnich fielt mar ek sjen kin, as men der teminsten each foar hat. Dy bewustwurding ferwurdet de auteur mei it ferhaal troch de iuwen hinne en stipet er mei talrike prachtige foto’s fan no.

Dick Hoekstra is emearitus-heechlearaar/ôfdielingshaad selbiology oan it UMCG yn Grins. Nei syn emeritaat reizget en fotografearret er in protte, foaral by de Nederlânske, Dútske en Deenske Waadkust del.

Te keap yn ’e boekhannel en fia www.noordboek.nl.

Glans op het Wad – Dick Hoekstra
Noordboek Natuur | ISBN 978 90 5615 498 1 | Hurde omkaft | 240 siden | Formaat 22 x 27 cm | Priis € 22,50

april 29, 2020 08:54 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.