Boek fan twa keunstners oer it ferdwinende bioferskaat yn Fryslân

april 19, 2020 08:51 Fernijd

Neffens dichter Jan Kleefstra en keunstner Christiaan Kuitwaard betelje it lânskip en de natuer de priis foar it feit dat ús tichtbefolke lân ien fan de grutste lânbou-eksporteurs op ’e wrâld is.

Boarne: Wijdemeer

Boarne: Wijdemeer

Fan alle lannen yn Europa is yn Nederlân it bioferskaat it leechst. Yn it boek Veldwerk. Over het verdwijnen fan de biodiversiteit in de Friese natuur komme belutsen minsken oan it wurk, dy’t it probleem út har eigen ekspertize wei beljochtsje. Fan fertsjintwurdigers fan de suvelyndustry en LTO oant wittenskippers en boeren.

Dêrneist befettet it boek teksten en akwarellen fan inisjatyfnimmers Kleefstra en Kuitwaard, dy’t in jier lang op ferskate lokaasjes yn Fryslân yn de iepenloft makke binne. It boek kostet € 15,00 en is te keap yn ’e boekhannel en de webwinkel fan Utjouwerij Wijdemeer.

Boekspesifikaasjes
Omfang: 88 siden | Utfiering: hurde omkaft, yn kleur | Formaat: 29 x 21,5 sm. lizzend | Boekfersoarging: Gert Jan Slagter | Priis: € 14,99

april 19, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.