Boargemaster en wethâlders fan Ljouwert stypje Cambuur

april 28, 2020 09:59

Goed trije dagen nei de meidieling fan de KNVB dat Cambuur troch it tuskentiidsk beëinigjen fan de kompetysje promoasje nei de earedivyzje mis driget te rinnen, is it gefoel fan teloarstelling yn Ljouwert noch grut.

Under supporters fan Cambuur en it ek dupearre De Graafschap is in petysje opset mei it doel dat it beslút opnij oerwage wurdt. De petysje is ûnderwilens mear as 20.000 kear ûndertekene. Ferskate partijen, Cambuur ek, tinke oan juridyske stappen tsjin it beslút fan de KNVB.

It bestjoer fan de gemeente Ljouwert dielt it gefoel dat it seizoen fan Cambuur in moaier ein fertsjinne hie en stelt him fol efter de fuotbalklup. Cambuur freget oan alle direkt by it betelle fuotbal behelle partijen: sykje nei in oplossing dy’t rjocht docht oan it gefoel fan ridlikens, just yn dizze bysûndere tiid, no’t we mear as ea earder nei solidariteit stribje.

april 28, 2020 09:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.