Astronauten nei moannen werom op feroare planeet

april 19, 2020 08:46 Fernijd

Trije astronauten binne freedtemoarn mei in Sojoezkapsule yn Kazachstan lâne, nei in moannenlang ferbliuw yn romtestasjon ISS. It libben op ierde is yn de tuskentiid hielendal feroare fanwege de koroana.

Jessica Meir (foto: NASA/GCTC/Andrey Shelepin)

De Rus Oleg Skripotsja en de Amerikaanske Jessica Meir libben sûnt septimber ferline jier yn it ISS, en de Amerikaan Andrew Morgan sels sûnt july. Meir makke yn oktober tegearre mei Christina Koch de earste folslein froulike romtekuiertocht ea.

Yn in fraachpetear oan board fan it romtestasjon fertelde Meir hoe’t se de koroanakrisis belibben. “It is frij surrealistysk om te sjen wat him op de ierde ûnder ús ôfspilet. Ut de romte wei sjocht de ierde der krekt sa prachtich út as altyd, dus dan is it lestich om te leauwen wat der allegear bard is sûnt wy fuortgien binne.”

It tiim dat de astronauten opfong, wachte de lâning yn karantêne ôf. It waard krekt foar de lâning noch op koroana test, om der wis fan te wêzen dat se de romtefarders net besmette soene. As se wer thús binne, sille de astronauten revalidearje om wer oan de swiertekrêft te wennen, mar se moatte har ek noch tsjin it koroanafirus beskermje. “It sil lestich wêze om nei sân moanne net mei famylje en freonen krûpe te kinnen”, sei Meir doe’t se noch yn it romtestasjon wie. “Ik tink dat ik my op ierde mear isolearre fiele sil as yn it ISS. Hjir binne wy dwaande mei geweldige eksperiminten en fiele wy ús net isolearre.”

april 19, 2020 08:46 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.