Arnold Rosier oanwiisd as steategriffier

april 23, 2020 10:16

Arnold Rosier (© foto: Hoge Noorden / Jacob van Essen)

Arnold Rosier (45) út Ljouwert is troch Provinsjale Steaten oanwiisd as nije steategriffier. Rosier nimt dy funksje waar sûnt april ferline jier. 

Op 1 april 2019 ûntstie der in fakatuere mei it fuortgean fan de doetiidske steategriffier Gerben Huisman. Arnold Rosier is doe ynearsten as ynterim-griffier beneamd.

Rosier hat in brede ûnderfining by de Provinsje Fryslân. Sûnt 2006 hat er ferskate liedingjaande funksjes op ferskillende ôfdielingen hân. Foar’t er ynterim-griffier waard, wie Rosier haad omjouwingssaken. Dêrnjonken wie er fan 2010 oant 2018 lid fan de gemeenteried fan Ljouwert.

Mei it yngean fan de Wet normalisearring rjochtsposysje amtners beneame de Steaten de griffier net mear, mar wize se de griffier oan.

april 23, 2020 10:16
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.