Anneke fynt in thús (ferhaal)

april 25, 2020 07:00 Fernijd

Simentsje Bakker wie wat in wylden ien. Doe’t se trettjin jier wie hie se al mei manlju omslein. Har âlden, Marten en Djoke, hiene in winkel. Dy woene gjin praatsjes oer harren dochter hawwe. Sa no en dan kaam der alris in klant dy’t sei dat se better op Simentsje passe moasten. Se kaam, doe’t se wat âlder wie, in protte by Ruerd en Jantsje. Har mem wist it. Der giene frjemde ferhalen oer Ruerd om. It gie Djoke te fier om alles samar te leauwen. Doe’t se der ris mei Simentsje oer begûn, lake dy. Ja, se kaam dêr wolris. Se holp Ruerd dan mei syn kninen. De winkelbel gie, en har mem gie fluch nei de klant. Utpraten waard der eins noait wat.

boarne: Wikimedia Commons

Tusken Ruerd en Simentsje begûn der wat op te bloeien. Ruerd Hamstra wie al fjirtich jier. It wie in skarreler. Hy hannele yn kninen, mar hy hie ek oare hanneltsjes. Fan Jantsje waard der wol sein dat se net wist hoe faak oft se mei in oare man op bêd west hie. Simentsje fielde har thús by Ruerd en Jantsje. Se krige dêr omtinken. Ruerd hie alle tiid foar har. Op in middei dat se dêr kaam, seach se dat Ruerd en Jantsje op bêd leine. Jantsje wonk Simentsje. Foar’t se it eins sels troch hie, lei se neaken tusken harren yn. Se fielde al gau Ruerd syn hannen. Jantsje moedige him tige oan. It fielde oan oft se yn in oare wrâld wie. In skoftsje letter kaam se wer ta harsels. Ruerd glimke har ta. Hy sei dat er har fan in jongfaam yn in frommes feroare hie. Dêr hie se in protte oer dreamd. Se foel him yn ’e earms.  Se krigen in fêste ferhâlding. Mar Simentsje en in learaar, Goffe Minnema, giene sa no en dan ek mei-inoar op bêd.

Simentsje murk dat der wat feroare. Doe’t har mem har nei de dokter stjoerde, krige se te hearren dat se trije moanne swier wie. Se fertelde it oan Ruerd. Dy sei dat er deroan twivele oft it bern fan him wie. Se skarrele ommers ek mei dy Minnema. Se fertelde thús wat der bard wie. Har heit sei dat der thús gjin plak wie foar har. Minnema wie der ek net sa wiis mei. Hy soarge der wol foar dat se earne útfanhûzje koe. Wol hold er har foar dat er der gjin sin oan hie om foar heit fan dat bern te spyljen.

Simentsje befoel yn it sikehûs. Se hie sein dat as it in famke wie, it Anneke hjitte moast. Se hie al lang foar dy tiid sein dat se it bern net hâlde woe. Har heit en mem woene dat huorrebern net yn ’e hûs hawwe. Anneke gie nei in bernetehûs. Doe’t Simentsje hast wer nei hûs mocht, krige se besite fan Minnema. Dy sei dat it útkommen wie dat er seks hân hie mei in learling. Hy hie ûntslach krige. Hy stelde foar om tegearre nei Sweden te ferhúzjen. Simentsje like dat wol wat ta. Se seach der tsjinoan om aansten wer nei skoalle ta te moatten.

***

Anneke wie in ûngeloksfûgel. As der wer ris in pleechgesin fûn wie, barde der nei in skoftsje wol wat. Se kaam dan wer yn in tehûs. Se waard ûnwis. Mar om in fêst plak foar har te finen woe mar net slagje. De lieding tocht dat it wol komme soe troch hoe’t se der útseach. Se hie in grut bosk fjoerread hier en droech in grutte swarte bril. Der wie noait ien op it idee kommen om, as se wer in nije bril hawwe moast, in oar montuer út te sykjen.

It wie wer ris misrûn mei Anneke. Der waard besletten dat se mar nei in tehûs yn Beetstersweach oerpleatst wurde moast. Anneke lei har dêr mar by del. Dat soe ek wol wer mislearje, tocht se. Se wie ûnderwilens alve jier wurden. Freondintsjes hie se eins net. De iennige by wa’t se har hert bleat lizze koe, wie Doede har teddybear.

Se fielde har al gau thús op de nije skoalle. Master Hofstra holp har sa goed as er koe. Se siet neist Sijke Broekema. Sijke en sy koene goed mei-inoar oerwei. It duorre net salang of Sijke frege Anneke oft se op in woansdeitemiddei by har kaam te boartsjen.

Anneke fernuvere har deroer hoe’n protte boeken oft Sijke wol net hie. Se siet de hiele middei te lêzen. Doe’t Sijke foarstelde om in spultsje te dwaan, seach Anneke har hast ferheard oan. Se wie in oare wrâld yngien. De sneontemiddeis wie Anneke wer by Sijke. Se hiene ôfpraat dat se tegearre op ’en paad soene. Sijke hie jild meikrige om in iisko te keapjen. Se slikken dy op. Underwilens naam de iene de oare yn har op.

Sijke betocht in plan. As Anneke no ris by harren wenje koe. Se hie al in hiel skoft longere nei in suske. Se hie dan wol in broer, mar dy hie sein dat er, as hy fan ’t simmer syn diploma hie, fierder leare woe by de marine. Goasse syn keamer kaam dus frij. Dat wie krekt wat foar Anneke. Se moast dat thús mar ris beprate. In swierrichheid wie dat Sijke twa memmen hie. As se by de iene wat klear krige hie, sei de oare fan nee en dan gie it meastal net troch. Sijke fûn dat it noch wol efkes tiid hie. It wie noch lang gjin simmer, hoewol’t dy der fakentiids earder wie as je trochhawwe.

Anneke kaam hieltiten faker by Sijke. Se kaam sa ek yn ’e kunde mei Sijke har beide memmen. Mem Bets die de húshâlding en wurke thús op in kompjûter. Mem Machtelt wie in protte mei de auto ûnderweis. Se brocht helpmiddels foar bline minsken rûn, hie Sijke ferteld. Sy hie it ek west dy’t net te sprekken wie oer Anneke har bril.

Op in sneontejûn, doe’t se Anneke wer nei hûs brocht hie, weage Sijke it derop. Se brocht Anneke te praat. Dy hie klage dat der yn it tehûs gjin omtinken foar har wie. ‘Soe Anneke aansten Goasse syn keamer net krije kinne?’ Mem Machtelt seach Sijke ris oan. Se sei: ‘Dat sille Bets en ik yn earsten ris beprate moatte en Anneke sels sil it der ek mei iens wêze moatte. Hast it dêr alris mei har oer hân?’ ‘Ik wol har der mei oer ’t mad komme’, sei Sijke. De memmen moasten derom laitsje.

De jûns, doe’t Sijke op bêd gien wie, praten se der tegearre fierder oer. Sy soene dan de soarch op har nimme moatte. Se wisten eins neat oer Anneke har eftergrûn. Wat hellen se yn ’e hûs? It like dan wol in aardich famke, mar fan bern út in tehûs witte je noait wat derefter sit. Bets krige begrutsjen mei Anneke. Se hie alris in praatsje mei Anneke makke. Ut har antwurden hie se wol murken dat Anneke, sa jong as se noch wie, in protte ûnderfining opdien hie.

De beide froulju praten der sa no en dan oer. Bets betocht dat as Anneke wer ris komme soe, se it spul ris hiel hoeden oan ’t rôljen bringe moasten. Doe’t Anneke wer by Sijke kaam begûn se deroer. Anneke sei dat it dochs neat wurde soe, want der wie gjin ien dat har yn ’e hûs hawwe woe. Juffer Anna hie dat ek al sein. ‘Mar, Anneke, do soest it sels wol wolle, tink ik.’ Anneke sei neat werom. Se gie fierder mei har boek.

De jûns bepraten Bets en Machtelt it nochris. Machtelt krige in idee. As se der ris mei Anneke har fâd oer prate. Dat levere neat op. Hy sei dat se, as se it oandoarsten om Anneke yn ’e hûs te nimmen, mar mei pleechsoarch prate moasten. Hy rette it har net oan. Anneke siet no in feilige omjouwing.

It wie wer woansdei. Anneke kaam. Se hie de triennen yn ’e eagen. Bets gie neist har sitten. Hakkelich kaam Anneke har ferhaal derút. Juffer Anna hie har ferbean om nei Sijke ta te gean. By Sijke waard se mar opstokele. Se wie dochs mar gien. Sijke hie sein dat mem Bets op alles ried wist. Soe se ek by Sijke wenje kinne? ‘Anneke, ik sil deroer neitinke moatte. Machtelt hat hjir ek wat yn te sizzen. Jûn beprate we it. It kin noch wol efkes duorje ear’t alles goed komt, mar we dogge ús bêst.’

Machtelt gie op ’en paad. Se prate der mei pleechsoarch oer. Folle levere dat net op. Dejinge mei wa’t se prate, fûn dat it net koe. Twa memmen, dat brocht sa’n bern noch mear yn ’e war. Se gie wer fuort. Se tocht dat se ynearsten mar ris mei Paula prate moast. Paula wie de advokaat fan de blinesoarch. Paula hearde Machtelt oan. Se moast oer in wike mar mei Bets werom komme. Se moast de tiid hawwe om alles út te sykjen.

Machtelt hie Bets meinommen nei Paula. Paula lei út wat se dien hie en hoe’t se deroer tocht. De iennichste wei wie in útspraak fan de bernerjochter. Dy gie net oer ien nacht iis. De saak begûn te rinnen. De rjochter wie ferbjustere oer wat er hearde. Doe’t de saak de twadde kear oan ’e oarder kaam, die Paula in foarstel. Se sieten der no al twa moanne oer te praten. It gie oer Anneke, mar sûnder Anneke. As se Anneke no ris freegje soene wat dy graach woe. Paula prate ynearsten mei Anneke. Yn it begjin wist Anneke eins net wat se kieze moast. It like har wol goed ta om by Sijke te wêzen. Mar oan de oare kant, juffer Anna hie sein dat se har dêr faaks iensum en allinnichsteand fiele soe. Se seach der wol tsjinoan om mei de rjochter te praten. Paula sei dat se meigie. Dat ferlichte Anneke. It petear mei de rjochter ferrûn goed. Hy sei dat er oer fjirtjin dagen útspraak dwaan soe.

Machtelt, Bets, Sijke en Anneke giene nei Ljouwert. Paula gie mei nei de rjochter. Sijke en Anneke sieten hân yn hân yn de wachtkeamer. Se doarsten inoar hast net oan te sjen. Paula hie dan wol sein dat alles goed komme soe, de famkes hiene noch harren twivels. Juffer Anna hie ek sein dat Anneke gjin hoop hawwe moast.

Nei in, foar de famkes, hiel lang skoft kamen Machtelt en Bets werom. Bets naam Anneke yn ’e earms. Se flústere har yn it ear dat se no har mem wie. Paula lei út wat it betsjutte dat Bets en Machtelt de fâdij oer Anneke krige hiene. Paula sei dat se harren traktearje woe. Se sieten, in skoftsje letter, noflik mei har fiven allegearre oan in sorbet en wachten op de pankoek dy’t komme soe.

Abe Westra

april 25, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. jangerben april 25, 16:26

    Kreas Abe.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.