Anna Hoetjes mei Spectra yn Keunsthûs SYB, Beetstersweach

april 1, 2020 19:17

Sûnt 25 maart ferbliuwt byldzjend keunstneresse Anna Hoetjes (1984, Amsterdam) yn Keunsthûs SYB te Beetstersweach. Dat keunsthûs is op dit stuit net tagonklik foar publyk, mar it kin keunstners noch wol de gelegenheid biede om harren wurk fierder te ûntwikkeljen. Hoetjes wurket dêr oant 3 maaie 2020. In presintaasje fan Anna har wurk folget dêrom op in oar stuit.


Yn de tiid fan har residinsje yn Keunsthûs SYB wol Anna Hoetjes yngean op de rol fan de frou yn de skiednis fan de romtefeart en astronomy. Yn har projekt Spectra docht hja histoarysk ûndersyk nei in tal markante froulike astronomen dy’t oan ’e ein fan de 19de iuw in krúsjale rol spile hawwe yn de ûntjouwing fan de spektroskopy. Dat is in technyk dêr’t it ljocht út it hielal by opbrutsen wurdt en mei help fan it kleurespektrum de gemyske substânsje fan de ljochtboarne analysearre wurdt. Sy wol yn petear gean mei froulike saakkundigen út it fjild en sa in fiktive wrâld foarmjaan, dêr’t de froulike astronomen út it ferline yn ôfreizge binne nei fiere ekso-planeten. Dêrwei stjoere hja ljochtsinjnalen nei de avansearre romtefeartapparatuer fan hjoed-de-dei.

Sy sil it ûndersyk omsette nei ferskate semy-fiktive ynstruminten, dy’t brûkt wurde om dy sinjalen op te heinen en sels bylden te generearjen. Sa wol se yn SYB sels in spektroskoop bouwe; in apparaat dêr’t stoffen mei ûndersocht wurde oan ’e hân fan harren spektrum. Se sil ek portretten fan wichtige froulike astronomen troch ûnderskate optyske ynstruminten stjoere, en analoge eksperiminten útfiere, om sa de ûnfolsleine represintaasje dy’t dy wittenskippers yn ús kollektive kennis ynnimme, yn bylden oer te setten.

Anna Hoetjes is byldzjend keunstneresse en filmmakster. Har wurk lûkt parallellen tusken filmskiednis út it begjin fan de 20e iuw en technologyske ûntjouwings hjoed-de-dei. Sy is ynteressearre yn de wize wêrop’t minsken sjogge en sjoen wurde yn in technologysk mediearre wrâld. Hoe beynfloedet it ferline hoe’t wy hjoed-de-dei nei ússels en technology sjogge? Hoetjes ûndersiket dy fragen yn performances, koarte fiksjefilms, fideo-ynstallaasjes en lêzingen. Sa spint se in web fan assosjaasjes tusken wittenskip, skiednis en fantasij. In ‘web’ dêr’t de rol fan de frou foar har hieltyd wichtiger yn oan it wurden is.

april 1, 2020 19:17
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.