‘Andere Tijden’ oer manlike strippers

april 24, 2020 08:55 Fernijd

Yn it begjin fan de njoggentiger jierren helle Joop van den Ende de Chippendales foar it earst nei Nederlân. It sloech yn as in bom. Froulju giene yn kloften nei de teäters om har oan manlik bleat te fergapjen.

Foto: NTR

Al gau riisden de stripgroepkes as poddestuollen út de grûn op. De foarstellingen waarden hieltyd rûger en bleater, en dat late ta in soad krityk. Yn ferskate gemeenten joegen de stripsjo’s in spoar fan ûnrêst. Foarstellingen rûnen út ’e hân en waarden ôfsein of sensurearre. Bernich en hypokryt, seine in protte froulju. Dy seagen de manlju dy’t de klean út strûpten net as plat amusemint, mar as in stap yn de rjochting fan de seksuele befrijing fan de frou.

Woansdei 29 april 2020 begjint om 22.20 oere op NP0 2 in ôflevering fan Andere Tijden. Dêryn praat Astrid Sy mei foar- en tsjinstanners fan manlike strippers en giet se sels nei sa’n foarstelling ta.

april 24, 2020 08:55 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.