Amerikaanske jonges tinke navenant tradisjoneel oer manlju en froulju

april 28, 2020 14:22

Famkes tinke folle faker as jonges dat der gjin ferskillen binne tusken manlju en froulju. Dat jildt alteast foar bern yn twa Amerikaanske stêden. Jonge bern hawwe gauris it idee dat der typyske jongesdingen en typyske famkesdingen besteane, mar by famkes wurdt dat idee yn ‘e rin fan ‘e jierren wei.

Dat docht bliken út ûndersyk fan Matthew Hammond en Andrei Cimpian fan de New York University. Hja hawwe ûndersyk dien op 237 bern yn de stêden New York en Champaign-Urbana.

Opfallend wie dat bern dy’t oan froulju negative eigenskippen taskreaune, ek mear tradisjonele hoflike opfettings hiene. Sa wiene bern dy’t mienden dat froulju har mear as manlju drok meitsje oer details, ek fan betinken dat manlju froulju hearre te beskermjen. By folwoeksenen is sa’n korrelaasje yn oar ûndersyk ek fûn.

By de measte bern binne de negative mienings oer de slachten ferdwûn as hja alve jier âld binne, mar de tradisjonele opfettings oer rolferdieling bliuwe by in soad jonges wol bestean. By famkes is dat folle minder it gefal.

april 28, 2020 14:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.