Aant Mulder: Nei 75 jier

april 28, 2020 07:00

Kollum

Ferline wike, 13 o/m 17 april, waard stilstien by het feit dat het 75 jier lyn is dat Fryslân fan de Dútsers befrijd waard. Foar guon is dat as de dei fan juster mei de bylden fan doe noch op it netflues. Dat wurdt wol in hieltyd lytsere groep. Foar oaren is it allegearre skoften ferlyn. Dy moatte it ha fan ferhalen fan famylje en goekunde en oars fan lessen op skoalle. Ik bin ien fan de earsten dy’t it ha moat fan wat oaren dêroer fertelle. Ik bin ommers fan nei de oarloch.

As ik weromtink oan wat de earste dingen binne dy’t út ferhalen wei hingjen bleaune, dan wiene dat yn ’t foarste plak de ferhalen oer de ûnderdûkers, dy’t, as it om hûs en hear net mear feilich wie om’t Dútsers om har sochten, nei de Krúsbrekken (Tersoalster Brekken) ta ferdwûnen en dêr ferskûl sochten tusken reiden, boatsjes en stalten. Dat wiene de ferhalen fan myn âldere broer en suster, de foaroarlochske generaasje. Heit en mem makken dan ek noch wolris in opmerking. Dy ferhalen, dêr koe ik my in foarstelling by meitsje. As skoalbern kamen we gauris yn stikken lân oan dy brekken. Us heit wie komelker en hie dêr it lân dat allinne mei pream en skou oer wetter te berikken wie. Wy moasten mei om te ûngetiidzjen. Dat wie doe foar komelkers folslein hânwurk. Dêr seagen we de brede reidseamen en de boatsjes fan dy ferhalen.

Tinkstien oan de muorre fan it riedhûs yn Balk. Foto: Aant Mulder

Twa oare ferhalen binne my bybleaun. Myn broer en suster fertelden ek oer de Amerikaanske bommewerpers fan Ingelske fleanfjilden dy’t op in desimbermiddei yn 1943 weromkamen fan in bombardemint op Bremen. Boppe kleaster Ingwert, doe al gewoan pleatsen, moatte twa fan dy fleantugen inoar yn damp waar rekke ha. De fleantugen stoarten del. It iene fleach yn ’e brân en it oare kaam yn fjouwer stikken tichte by wêr’t we wennen del. Der wiene allinne mar deaden. De slachtoffers binne op it tsjerkhôf yn Poppenwier begroeven en letter yn Margraten. It oare ferhaal giet oer de brân fan garaazje Sikkema yn Tersoal. Pieter Sikkema wie in foaroansteand man yn it ferset. De Dútsers sochten om him, mar koene him net fine. Dêrom stutsen se it hûs mei bedriuwsgaraazje fan syn broer yn ’e brân.

Dat binne de ferhalen. De earste eigen yndrukken ha te krijen mei de deadebetinking fan 4 maaie. Us komelkersspultsje stie in bytsje op de romte. Wy hiene doe gjin telefyzje, gjin flagge. Wy stiene op 4 maaie bûtendoar om op it eigen hiem nei de tsjerkeklokken te harkjen en om sa de deaden te betinken. Wy seagen nei oaren bûtendoar en de pear auto’s en de bus dy’t stean bleaune. It wie alle kearen in lyts en tagelyk in om nea wer te ferjitten barren.

Foar de ferhalen út myn bernetiid yn de Lege Geaën kamen no
de ferhalen fan Gaasterlân yn it plak.

Sûnt rekke ik stadichoan mear op ’e hichte oer de oarloch fia ferhalen op skoalle en fia skoalboekjes. De oarloch rekke fierder fuort, waard grutter en sa learden we min of mear it hiele ferhaal kennen, foarsafier’t dat ek mar in lyts bytsje mooglik is. Stadichoan draaiden de rollen om. Fan harker waard ik ferteller. Ik ha besocht op grûn fan ferhalen en oan ’e hân fan skoalboekjes oer de oarloch te fertellen. Der gie gjin jier foarby dat ik thús en op skoalle gjin omtinken hie foar oarloch en befrijing.

Tinkstien Sanfurderhoeke, Nijemardum. Foto: Aant Mulder

Sûnt ik yn Balk oan skoalle stie, begriep ik dat 15 april eins de krekte datum is. Foar de ferhalen út myn bernetiid yn de Lege Geaën kamen no de ferhalen fan Gaasterlân yn it plak. Dy ferhalen binne suver keppele oan de tinkstien oan de muorre fan it riedhûs yn Balk. Alle jierren weroan kamen de ferhalen fan dy fallenen oan ’e oarder. Johannes Nagelhout út Bakhuzen wie it earste Gaasterlânske oarlochsslachtoffers. Hy kaam yn in ûnderseeër op see om. Dat wie al yn 1940. Yn 1944 kamen Joop Schweitzer, Teeuwes de Boer en Jacobus J. Boomsma om. Schweitzer, ûnderdûkt yn Nijegea (Elahuzen) flechte it lân yn om oan de Dútsers te ûntkommen. Dat mislearre. De Boer kaam as kriichsfinzene yn Nederlânsk Ynje om. Boomsma waard yn Snits delsketten. Yn 1945 waard Jeen Hornstra as ien fan in groep fan tsien fusillearre om’t er fan wapenbesit fertocht waard.

It binne stik foar stik nammen dy’t yn it ûnthâld fan ús as Gaasterlanners fuortlibje en oars wol yn tinkstiennen, strjitnammen en oersjoggen. Dy ferhalen ha stadichoan hieltyd mear it plak ynnommen fan de ferhalen út myn bernetiid. En dochs binne it eins deselde ferhalen. Dat begriep ik noch helte better doe’t ik hearde dat Legegeansters by Nijemardum ombrocht wiene. It wiene fiif leden fan de NBS/KP fan Snits/Drylts, mar likegoed steane ek de nammen fan Herre Winia en Durk Dijkstra, beide út Tersoal en dus út de Lege Geaën, op dy stien oan de Sânfurderhoeke. De Dútsers hiene de wapens, dêr’t se om sochten, net fine kinnen. Dat woene se net gewurde litte. Sa waarden op 6 april, tsien dagen foar de befrijing, sa stikem as it mar koe, fiif minsken deasketten. Oardel jier letter waard pas dúdlik hoe’t dat om en ta gien wie.

Nei 75 jier binne it foar in grut part ferhalen wurden. Wy betinke en fiere en wy hoopje dat der nea wer oarloch komt. Te uzes kinne we dêr noch op hoopje, mar we witte ek dat it yn in ferskaat oan lannen alwer mislearre. Tagelyk ha we te krijen mei nije bedrigingen, like slim of helte slimmer as de lêste oarloch. Wa sil it sizze. Mei de moed fan de minsken fan doe as foarbyld, moatte we dizze nije en hiele oare striid oan kinne.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 25 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

april 28, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.