Aant Mulder: Muzyk fan eigen grûn en mear

april 14, 2020 07:00

Kollum

Fan ’e wike lies en hearde ik de oprop, fan nei’t ik miende Buma/Stemra, om mear muzyk fan Nederlânske artysten te draaien. Doe’t ik om mear ynformaasje socht, begriep ik al gau dat it net Buma/Stemra wie, mar Buma Cultuur, dy’t dy oprop die. Dy stichting hie ’k eins nea earder fan heard. It docht bliken dat it de fuortsetting fan de eardere stichting Conamus is en dat er al sûnt 2006 bestiet. Dy stichting hat as doel om it brûken fan de Nederlânske muzyk te befoarderjen. Logysk dus dat Buma Cultuur publike stjoerders likegoed as kommersjele freget om safolle mooglik muzyk fan Nederlânske grûn te draaien.

De oprop is dúdlik en liket sympatyk. Troch de koroanakrisis sitte party artysten ommers hast hielendal sûnder wurk en dus ek sûnder ynkommen. Guon begrepen dy oprop as soe dat betsjutte dat der mear Nederlânsktalich draaid wurde moatte soe. Oaren wisten net hoe gau oft se dêr wer ôfstân fan nimme moasten. Likegoed tink ik dat mear muzyk fan Nederlânske artysten eins ek mear Nederlânsktalich betsjutte moat. Dat kin hast net oars. Tagelyk betink ik dat we oare artysten út oare lannen sa aardich oan ’e kant sette. Dêr sit ik mei tangele. As dêr deselde oproppen dien wurde, hat it neffens my allegearre net folle doel.

foto: Aant Mulder

As we dy oprop lykwols foar earnst nimme, moatte we konsekwint wêze. Dat moat dan betsjutte dat we ek yn Fryslân earst en meast omtinken jaan moatte oan Fryske en Frysktalige muzyk. No dogge de lokale omroppen en Omrop Fryslân dêr wol wat oan, mar se soene dat dus faker dwaan moatte. It kin him oan my lizze, mar ik ha dêr noch neat fan murken. By Omrop Fryslân ha se Noardewyn live. Dêr begjinne se mei, dat werhelje se en dêr hâlde se mei op. It liket wol oft se neat oars ha. Ik ha net begrepen dat dêr ûnderwilens feroaring yn kommen is. Likegoed sil ik de kommende kearen ris better harkje. Wa wit!

It docht wat tinken oan de krisisjierren,
de tritiger jierren fan de foarige iuw.
Doe waard advertearre mei teksten as: ‘Koop Hollandse waar’.

It liket moai, mear omtinken foar muzyk fan eigen grûn. Der binne mear fan dat soarte fan oproppen: keapje by de winkelman, bakker, slachter, grienteman om ’e hoeke. Keapje fruit en blommen by de túnkers ûnder de reek fan eigen doarp of stêd. Helje suvelprodukten by de boeren yn de eigen omkriten. Gean op fakânsje yn de eigen provinsje. It binne stik foar stik fansels sympatike oproppen. En dochs komme der fragen yn my op. As oaren itselde dogge, falt der net folle mear te ferfieren, te eksportearjen. As Hollanners, Dútsers en Belgen yn de eigen provinsje op fakânsje geane, komme se hjir net mear. It docht wat tinken oan de krisisjierren, de tritiger jierren fan de foarige iuw. Doe waard advertearre mei teksten as: ‘Koop Hollandse waar’. Dat wurke net goed út en dat moat dus net wer.

It is logysk dat we no tichteby om ús hinne sjogge, mear omtinken ha foar it eigen gea, de natuer en kultuer, de taal. In pear dingen falle op. De natuer is fansels net hielendal ferbean, mar de webcams fan It Fryske Gea biede prachtige mooglikheden om thús te bliuwen en dochs fan de natuer te genietsjen. No’t we net mear nei museums ta kinne, komt it programma fan Google, Arts & Culture Project, goed fan pas. It is likegoed spitich dat fan de 26 museums yn Nederlân, dêr’t firtueel útstallingen yn besjoen wurde kinne, der net ien yn it noarden te finen is. It Fries Museum docht dus net mei. Dat hie fansels oars moatten. It hâldt dêr op mei de eigen webside.

Us taal wurdt aldergelokst net oer de holle sjoen. Troch de koroanakrisis ha we te krijen mei nije wurden dy’t tagelyk eins in Fryske skriuwwize krije moatte. Tink oan wurden as: koroana, oanhoastje, earmtakkehoastjen, mûlemasker en mear. De Fryske Akademy hat in list fan hast 150 wurden gearstald. En dan stiet de oardelmeter-mienskip der noch net iens by. Dy list ha se yn in parseberjocht buorkundich makke. Dêr is net folle mei dien. Allinne It Nijs.frl, better net te witten, hat rynsk omtinken jûn oan dat parseberjocht en de list mei koroanawurden publisearre. It is spitich, dat der net mear mei dien is. Wy moatte ommers ûnder alle omstannichheden ús eigen taal goed brûke kinne. Dat jildt ek foar tiden fan koroana. Dat dwaan hat nimmen lêst fan, soe ’k sizze. As we dochs wat mear yn de eigen omkriten bliuwe moatte, dan hearre dêr wol wat eigen dingen by. Dat is moai!

foto: Aant Mulder

As âld-ûnderwiisman bin ik fansels nijsgjirrich nei wat skoallen dogge as it giet om it digitaal oanbieden fan it Frysk. Dy sille oare ûnderwerpen gau wichtiger fine, tink ik. It soe goed wêze as der yn dizze tiden fan mear kanten in digitaal oanbod Frysk foar bern wêze soe om dy sa te geriven dy’t op skoallen sitte dêr’t der neat oan dien wurdt. Ik ha op de webside fan de Afûk sjoen, mar folle fierder as Tomke, berneboel en spultsjes kom ik net. By Cedin fyn ik neat. Dat soe yn dizze koroanatiden dochs oars en better kinne moatte. Hawar, lit my beslute mei Adri de Boer en syn oprop oan de Fryske stjoerders om Fryske muzyk te draaien. Dat er sels op Goedfreed foar in leech Abe Lenstrastadion spile en song mei in foar dy gelegenheid skreaun nûmer mei as titel in wize fan sizzen fan Foppe de Haan: It is sa’t it is. Dat fyn ik in boppeslach. It iene hoecht it oare ommers net út te sluten. Inisjativen om yn dizze koroanatiid Fryslân wat Frysker te meitsjen stypje ik. Dat moat kinne.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 11 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.

 

april 14, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.