Aant Mulder: Fryske romans

april 21, 2020 07:00

Kollum

No’t ik de lêste tiid troch de koroana wat mear oan hûs bûn bin, kom ik mear oan lêzen ta. Ik hie earder de gewoante om yn boekwinkels en sa te sjen nei hokker boeken yn in Top 10 stiene. Dat makke de kar makliker. It binne ornaris de boeken dêr’t yn kranten en tydskriften oer skreaun en yn programma’s oer praat wurdt. Der is in ferskaat oan sokke yndielingen. Ik tink oan de Top 10 foar meast ferkochte boeken, foar literatuer en romans, foar misdiedromans. It Frysk falt dêr wat bûten en dat is eins wol spitich. Men is al bliid as der tsien ferskillende Fryske boeken yn ’e winkel steane. Wat ik oars yn de boekhannel die, doch ik no op ynternet. Bruna en bol.com ha aardich kar-út. As it om literatuer/romans giet smyt De zeven zussen fan Lucinda Riley hege eagen, krekt as De Pest fan Albert Camus. De measte listjes ûntrinne inoar net folle.

No’t ik dwaande bin, wurd ik nijsgjirrich nei in Fryske Top 10. Dy is der net yn de winkels, mar digitaal soe dat kinne moatte. Sykje dus. It fernuveret my suver, mar by bol.com kom ik tsjin: De Fryske Berneboek Top 10. By de Afûk stiet fansels ek in Top 10 fan Fryske boeken. Dêr steane alle boeken yn opnommen. Der is dus net in aparte Top 10 foar romans, foar misdiedroman, foar ferhalen, gedichten, berneboeken. Dat hie wol aardich west. Utsein dy Top 10 hat de Afûk ek in oersjoch fan wat der fierder oan boeken te keap is. Dat is moai, mar de besiker moat sels mar útsykje oft it yn it Frysk of Hollânsk is, oft it in roman of in dichtbondel, in ferhalebondel of in berneboek is, oft it oarspronklik wurk of in oersetting is of noch oars.

Wat foar it folsleine Afûk-oersjoch jildt, jildt ek foar de Afûk Top 10: de besiker moat sels mar útsykje watfoar boeken it binne. Ik sykje earst en meast nei de oarspronklike romans. As ik dy Top 10 goed besjoch, kom ik ta de folgjende konklúzje: fjouwer dichtbondels (al en net oerset), fjouwer berneboeken, in Hollânsktalich boek en mar ien roman: It sket fan Toussaint fan Leo Popma. Dat boek lês ik op dit stuit. Dêr aanst mear oer. Ik ha, sa’t ik al sei, in foarkar foar romans, it is net oars. Dat ik sykje fierder om te sjen oft der dochs noch net in pear mear binne. Dat falt ôf. Ik besjoch side nei side fan dy list, mar romans, ho mar. Dêr en op oare plakken sykjend kom ik op ien oarspronklike roman yn 2020 út en op acht yn 2019. Guon titels fernuverje my suver. Ha ’k dêr wol earder fan heard? Hoe kin it my ûntkommen wêze. Dan betink ik dat listen dy’t wat langer te besjen binne fertuten dwaan kinne.

Dat moat eins, want oars witte we hieltyd minder dat der Fryske boeken skreaun wurde en dat guon boeken, spitigernôch net allegearre, de muoite fan it lêzen wurdich binne.

It soene oare listen wêze moatte as de earder neamdeTop 10-list fan de Afûk. Ik tink oan in list mei de lêste tsien ferskynde oarspronklike Fryske romans, ferhalen, dichtbondels, berneboeken en sa fierder. Dat wurdt dan in gronologysk ferhaal, yn de tiid werom dus. Dat hinderet neat. Om de lêzers te helpen om in kar te meitsjen soe tagelyk oanjûn wurde kinne hokker boeken de meast lêzen boeken binne. Dêr soe digitaal en op papier wat mei dien wurde kinne. Dat moat eins, want oars witte we hieltyd minder dat der Fryske boeken skreaun wurde en dat guon boeken, spitigernôch net allegearre, de muoite fan it lêzen wurdich binne. Ik soe sa’n list fan oarspronklik Fryske romans yn de tiid werom útstelle wolle. Op dy list soe It sket fan Toussaint fan Leo Popma op nûmer 1 stean, folge fan Helia en har wrâld mei Chopin fan Rients Faber op 2, Sanfirdo fan Bennie Huisman op 3, Wek yn de rivier fan Durk van der Ploeg op 4 en Dwaaltún fan Anders M. Rozendal op 5. Ik sil de hiele list net opneame, mar om dy folslein te meitsjen moat ik werom oant 2018 ta. Dat fyn ik neat net slim. Sa bliuwe dy romans ommers better yn it ûnthâld hingjen. Dat is no hiel faak net sa. As ik sels nei dy list sjoch, ha ’k noch wol wat yn te heljen. Ik ha noch net alles lêzen. Dat moat eins al wêze.

Dêrom lês ik no It sket fan Toussaint. Ik begryp wêr’t it ferhaal oer giet, mar likegoed wol dat krimpdoarp en wat dêr allegearre bart my mar min yn de besnijing krije. De kop moat derby om út te finen hoe’t it krekt sit. De haadpersoan Aaf Leenes besiket troch projekten alles yn goede banen te lieden. It is meidwaan of net. Wa’t nei meidocht wurdt feroardiele op it sket fan Toussaint. As Tilma Jager weromkomt feroaret alles, mar dat moatte jimme sels mar lêze. Ik leau lykwols net dat it myn nûmer 1 wurdt. Dwaaltún fan Anders M. Rozendal (nûmer 5 op dy list) ha ’k ûnderwilens ek lêzen. Dat is maklik, want it is in KFFB-boek en dat krij ik altyd gewoan tastjoerd. Datselde jildt foar Doutzen yn swier waar fan Rommert Tjeerdsma (nûmer 9 op dy list). De oare boeken op dy list fan tsien lêst ferskynde oarspronklike romans (fan 2020 oant 2018) ha ’k noch net lêzen. Ik kin dus noch efkes foarút.

As ik dy list ôfwurkje, dan moat Helia en har wrâld mei Chopin fan Rients Faber dêrnei oan ’e oarder komme. Hoewol, dat boek liket wol yn beide talen tagelyk útkommen te wêzen. Dat ik freegje my wol ôf, oft ik hjir mei in oarspronklik Frysk of oerset wurk te krijen ha. Soe it in oerset wurk wêze, dan is Sanfirdo fan Bennie Huisman fansels in goed alternatyf. Dat boek giet oer Liuwe, dy’t it dreech fynt om te kiezen tusken muzyk en technyk. Dyselde swierrichheden komt er ek yn de leafde tsjin, net kieze kinne. De namme is net tafallich. Dy hat alles te krijen mei Sanfurd, middenyn it wetterlân fan de Súdwesthoeke. Jierren ferlyn hat Bennie Huisman dêr in liet en in novelle oer skreaun. Dy novelle is no wurden ta de roman Sanfirdo.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 18 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
april 21, 2020 07:00
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Rients Faber april 24, 16:16

    It boek Helia en har wrâld mei Chopin is oarspronklik fanút de Fryske belibbingswrâld tocht en skreaun. De oersetting yn it Nederlânsk is dêrnei pas makke en mist wat fan it typysk Fryske dat it oarspronklike boek wol hat.
    Mei freonlike groet,
    Rients Faber

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.