Aant Mulder: Fan ûnderen nei boppen ta

april 7, 2020 11:51

Kollum

‘Under’ en ‘boppe’ lykje hiele gewoane wurdsjes. It binne bywurden, mar dat docht der no efkes net ta. It nijsgjirrige fan dizze beide wurdsjes is dat der ek ‘-en’ efter komme kin. Dat wurdt it dus: ‘ûnderen’ en ‘boppen’. Dat sis ik as ik ‘nei ûnderen ta’ en ’nei boppen ta gean’. Ik ha dat ea sa leard. Sûnt mien ik wol aardich wis fan myn saak te wêzen. It is: ‘Ik gean nei boppen ta’ en ‘Ik bin boppe’. En it is fansels ek: ‘Ik gean nei ûnderen ta’ en ‘Ik bin ûnder’. Hoe’t it krekt sit, koe ik troch de jierren hinne wolris wat kwyt rekke wêze. Ik tocht dat we dat sa dogge om’t der in ferhâldingswurdsje foar kaam te stean en om’t sa in soarte fan rjochting oanjûn wurdt.

Dêr aanst mear oer. Earst wat oars. It falt my op dat de foarm mei ‘-en’ derefter hieltyd minder brûkt wurdt. Gjin wûnder fansels, want yn de talen om ús hinne ha se ek mar ien foarm: ‘ûnten und oben’, ‘upstairs and downstairs’,  ‘boven en beneden’. Hoewol, yn ’t Hollânsk ha we fansels ek ‘onder’ en ‘naar onderen’. Yn Van Dale stiet bygelyks dat yn kombinaasje mei de ferhâldingswurden ‘naar’, ‘ten’, ‘van’ de ‘-en’ brûkt wurdt’, Foarbylden: ‘een naar onderen hangend wambuis, de mouwen liepen van onderen breed uit’. Ik fyn it spitich dat se net in foarbyld mei ‘ten’ neame, want dat docht fansels oan ‘te’ tinken. By ‘te’ stiet allinne: ‘te boven gaan’ en dêr ha ’k dus net folle oan as it om ‘te boppe komme’ giet, want dêr wol ik it eins oer ha.

Utsjochtoer Tsjechië: fan ûnderen nei boppen ta. Foto: Aant Mulder

Sa’t ik al sei, ik miende wol aardich wis fan my saak te wêzen oant ik op It Nijs yn Opfrysker lies: ‘Mar ris sjen wannear’t dizze krisis besworen wêze sil’. Dy opmerking waard ferbettere, want sa dogge se dat yn Opfrysker, troch: ‘Ik hoopje dat wy it gau te boppe komme sille.’ Jimme begripe grif al wêr’t ik hinne wol. Te boppe sûnder ‘-n’! Ik freegje my daliks ôf oft dat wol doocht en oft dat dus net ‘te boppen komme’ wêze moat. Ik krij it wurdboek derby en begjin te sykjen.

It wurdsje boppe is in nijsgjirrich wurd. It wurdt trije kear neamd: as haadwurd mei ien betsjutting, as bywurd mei njoggen en as ferhâldingswurd mei seis betsjuttingen. Ik sykje fansels om dy ‘-n’ efter ‘boppe’. Dy foarm kom ik by alle trije mooglikheden net tsjin. By de bywurden stiet wol: ‘te boppe gean’ (oertreffe), ‘te boppe komme’ (wat oerwinne). De foarm sûnder ‘-n’ yn Opfrysker moat dus goed wêze. Ik hie eins ek net oars ferwachte, mar hoe sit dat dan krekt mei dy ‘-n’. By ‘boppe’ fyn ik dus neat yn de wurdboeken, mar fierder blêdzjend sjoch ik it wurdsje ‘boppen’ as in apart lemma stean. It is ek in bywurd. Daliks wurdt dúdlik dat it wurdsje ‘boppen’ allinne mar brûkt wurde kin mei de ferhâldingswurden: ‘fan’, ‘nei’, ‘oan’ en ‘oant’ derfoar, dêr’t dan ‘ta’ of ‘ôf’ efter stean kinne. Dus: ‘fan boppen’, ‘fan boppen komme’, mar ek: ‘oan of oant boppen ta fol’, en ‘It sit my oan boppen ta’.

‘Dy’t de trep dweilje/skjinmeitsje wol,
moat boppe-oan/fan boppen ôf begjinne.’

No sa, de wurdboeken ha my aardich holpen, mar ik kin it net litte en sykje ek yn in pear grammatika’s om mear ynformaasje. Dêr lês ik al gau wêr’t ik om sykje. Der stiet dat mei de ferhâldingswurden ‘fan’ en ‘nei’ de wurdsjes ‘boppe’, ‘ûnder’, ‘foar’ en ‘efter’ dy ‘-n’ of ‘-en’ krije. Der binne dus mear wurdsjes. Wol fjouwer! Hie ’k daliks yn it wurdboek socht, dan hie ’k dat al witte kinnen, want dy wurdsjes steane der ek gewoan yn: ‘wat nei foaren bringe’, ‘de wyn fan foaren krijen’, ‘fan foaren oant efteren’, ‘fan foaren net witte dat men fan efteren libbet’. Der binne wol mear mooglikheden, mar sa is it wol dúdlik.

Utsjochtoer Tsjechië: boppe. Foto: Aant Mulder

Likegoed is it nuver dat it wurdsje ‘te’ dat goed mei dy oare wurdsjes ferlike wurde kin net meidocht. It is: ‘te boppe gean’, ‘te boppe komme’. Dat fyn ik nuver, mar it is net oars. Nuver om’t it wurdsje ‘te’ yn guon oare gefallen no krekt dy ‘-n’ wol fan gefolgen hat. Tink mar oan: ‘rinnen’, ‘Wy gean te rinnen’, ‘Sy komme te jûnpraten’ en sa fierder. Ik ha ek noch in moaie siswize, dy’t  nochris dúdlik makket hoe’t it sit. ‘Dy’t de trep dweilje/skjinmeitsje wol, moat boppe-oan/fan boppen ôf begjinne.’ Dy’t de maatskippij herfoarmje wol moat by de hegere stannen begjinne.

Moai, dat it no wer dúdlik is hoe’t we ‘ûnder’ en ‘ûnderen’, ‘boppe’ en ‘boppen’ mar ek ‘efter’ en ’efteren’, ‘foar’ en ‘foaren’ brûke moatte. Der is fansels noch wol wat in oar en grutter probleem, liket my. Hieltyd mear minsken bekroadzje har net mear om de neamde ferskillen en prate gewoan en algeduerigen fan ‘beneden’ en ‘boven’. Wy neame dat ynterferinsjes, hollanismen. De Fryske wurdsjes ‘ûnder’ en ‘boppe’ mei en sûnder ‘-n’ ferdwine dêrtroch faaks folslein.

Yn in Aldfryske wurdlist kom ik lykwols de wurdsjes ‘bova’ foar ‘boppe’ en ‘binitha’ foar ‘ûnder’ tsjin. As we dat sjogge, witte we ek dat we samar in wat oare ûntjouwing fan dy wurdsjes ha kinnen hiene. Dan hiene ‘boven’ en ‘beneden’ gewoan hiele gewoane Fryske wurdsjes wêze kinnen. Dat hie kinnen! Dat it dêr ûnderwilens wol op begjint te lykjen, wlyst dy wurdsjes no dus lâns de wei fan it Hollânsk op ús takomme, betsjut dochs dat it ynterferinsjes binne en bliuwe. It is net oars.

Opfrysker, dêr’t ik it oer hie, is maklik te finen op www.itnijs.frl. Dêr steane faker hiele aardige dingen as it om it goed brûken fan it Frysk giet. Ik kin dy side oanrekommandearje, fansels ek om’t jimme dêr myn kollum nochris noflik en yn eigen tempo besjen en lêze kinne.

Aant Mulder fan Balk hold dit praatsje op sneon 4 april yn syn fêste rubryk Taalferoaring op Radio Spannenburch. Dy stjoert sneons fan 15.00-16.00 it programma ‘Gewoan Frysk’ út. Dat wurdt moandeis fan 9.00-10.00 werhelle.
april 7, 2020 11:51
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. B april 7, 18:02

    In soartgelikens gefal kin men lêze yn ‘e bus: ‘achter uitstappen’ ynstee fan ‘achterin uitstappen’.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.