55.000 bloeiende blommen oan Stinzerûte Bûtenpost-Kollum

april 4, 2020 10:26

Fanwege de koroanakrisis gie de plende iepening fan de nije Stinzerûte Bûtenpost-Kollum op freed 3 april net troch. De ferline jier plante 55.000 biologyske blombollen lûke har dêr neat fan oan en groeie foar wûnder. Se stean allegear prachtich yn bloei. Minsken kinne de rûte yndividueel rinne en genietsje fan de lokale natuer as se har strikt hâlde oan de rjochtlinen fan de oerheid: gean der allinnich op út en hâld oardel meter ôfstân faninoar.

Foto: Hielke Boorsma

De wethâlders fan de gemeenten Noardeast-Fryslân en Achtkarspelen soene de iepening fan de Stinzerûte mei in ludike aksje útfiere. Basisskoallen yn Bûtenpost en Kollum hiene ferskate aktiviteiten plend en ûndernimmers op ’e rûte wiene fan doel om alle kuierders in waarm wolkom te hjitten mei hearlike snobberijen. Koroana smiet roet yn it iten, mar de organisatoaren jouwe de moed net op. “De blombollen stean oant en mei heal april yn folle bloei, dat de kommende wiken is de rûte op syn moaist. De rûte is trettjin kilometer lang, dat oardel meter ôfstân hâlde moat ek prima slagje en rin de rûte by foarkar allinnich”, seit Tjerkje van der Laan fan it Blommeparadyske.

Foto: Hielke Boorsma

Stinzerûte troch Bûtenpost, Kollum en it lânskip
De Stinzerûte folget foar in grut part de rûte fan de Foodwalk en komt by in protte plakken lâns dêr’t biologyske blombollen oanplante binne. De stinzerûte makket lykwols noch in útstap nei Kollum en werom. Ferline jier yn oktoer hawwe skoallen, bedriuwen, ferienings, organisaasjes en in protte oare frijwilligers op al dy plakken 55.000 blombollen plante. “De natuer lûkt him gelokkich nearne wat fan oan, dat alle ynset hat net om ’e nocht west. Dan soe it dochs moai wêze as minsken kommende perioade genietsje kinne fan alle kleuren en roken dy’t de maitydsrûte biedt”, fertelt Henk Pilat fan Stichting Wrâldfrucht.

Izi.TRAVEL-app
De rûte is te rinnen mei de izi.TRAVEL-app. Dy app is de digitale gids fan de stinzerûte. By elts bolleplak fertelt de skoalle, feriening of organisaasje dy’t dêr bollen plante hat it ferhaal oer dat plak. In prachtige manier om de rûte op en top te belibjen. De app is beskikber fia de Appstore (Apple) en Google Play (Android). Sykje yn de app op ‘stinzenroute’ om de rûte te finen. Yn de app is ek in mooglikheid om de hiele rûte del te heljen fia WiFi, en him offline te rinnen.

Foto: Hielke Boorsma

Kaart Stinzerûte
Binnenste Buiten Post hat in kaart fan de rûte makke om de rûte fia non-digitale wei te kuierjen. Dy kaart en mear ynformaasje oer de stinzerûte is te finen op: www.dewouden.com/stinzenroute.

Inisjatyfnimmers en finansiers
De stinzerûte is it resultaat fan it projekt Bloeiende Bollen voor Bijen en Burgers yn Bûtenpost en Kollum. It is in Mienskipsinisjatyf fan Stichting Wrâldfrucht, bedriuwen, ferienings en skoallen út Bûtenpost en Kollum. It Iepen Mienskipsfûns, Gemeente Achtkarspelen en Gemeente Noardeast-Fryslân en in protte frijwilligers stypje it projekt.

april 4, 2020 10:26
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.