Roza Laptander beskriuwt de ferhalen en de stiltes fan it Nenets-folk

april 29, 2020 22:15

Roza Laptander (foto: universiteit fan Laplân)

Roza Laptander út Ljouwert is woansdeitemoarn promovearre oan de universiteit fan Laplân yn it Finske Rovaniemi, op in proefskrift oer folksferhalen by it Nenetsfolk op it Sibearyske skiereilân Jamal.

De Nenets binne fanâlds rendierhâlders. No’t hieltyd mear fan harren it nomadyske bestean ynruilje foar in boargerlik libben, ferdwynt stadichoan de ferteltradysje. Frou Laptander hat tsien jier lang safolle mooglik ferhalen optekene om se foar ferdwinen te behoedzjen. Se hat se yndield yn fiif groepen, ôfhinklik fan hoe fier oft se weromgeane yn de skiednis.

Undersykster Laptander komt sels út Jamal en praat de taal, dy’t lykas it folk Nenets hyt. Se beskriuwt net allinne de ferhalen, mar ek de tradysje om beskate ynformaasje net te neamen, bygelyks om’t it útsprekken fan krityk yn de Sovjet-tiid gefaarlik wie of fanwegen taboes. De Nenets sizze bygelyks net graach de namme fan minsken dy’t ferstoarn binne. Fierder binne der ferhalen dy’t allinne troch manlju ûnderling ferteld wurde. Oare ferhalen binne just wer allinnich foar froulju. Der binne ek ferhalen dy’t allinne yn de taal Nenets ferteld wurde, om’t se net gaadlik achte wurde foar minsken dy’t net by it folk hearre. Nenets dy’t net mear nomadysk wenje, jouwe de taal faak net mear troch oan harren bern, sadat sokke ferhalen ferlern geane. En beskate ferhalen oer aaklike dingen yn it ferline wurde mei sin net trochferteld, om’t de sprekkers beskate stikken skiednis út it kollektive ûnthâld warre wolle.

Ien ferhaal út it boek is dat fan de famylje Puiko. Dat begjint mei de ymmigrant Puiko dy’t mei fjouwer oare manlju te fiskjen giet. Se fange in soad. De twadde deis geane se wer de see op, mar de Nenets leauwe dat men net twa kear fertúnlik wêze kin. Dat komt út: der komt in stoarm op en de manlju ferdrinke alle fiif. Puiko syn soan bliuwt op it nije plak en krijt sels bern. De famylje Puiko stammet fan him ôf. Neffens frou Laptander befettet it ferhaal ferskate boadskippen: dat men jins libben net ûnnedich weagje moat, dat it libben dreech is foar ymmigranten, mar ek dat in grut gasbedriuw yn de streek allinne oan de famylje Puiko in skeafergoeding betelle hat, wylst dy út nijkommers bestie – in yndirekte klacht oer dat gasbedriuw.

Troch de koroanamaatregels koe frou Laptander net nei Laplân ta om har proefskrift te ferdigenjen. Dat die hja dêrom út Ljouwert wei fia in fideoferbining mei har opponinten en har promotor.

It proefskrift fan frou Laptander stiet folslein online. It is hjir te finen:
https://lauda.ulapland.fi/bitstream/handle/10024/64168/Roza%20Laptander%20väitöskirja%20sähköinen%20versio%2016.4.pdf?sequence=1&isAllowed=y

 

april 29, 2020 22:15
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.