Pakes comeback (3)

april 30, 2020 08:00
Klik hjir foar de foarige ôflevering.

Douwe pakt syn mobile telefoan, bellet en rint nei de wenkeamer.

Douwe: Yep, mei my. Hoeist? Alles flex?… Nope, gewoan thús… jù, oer jûn. It wurdt ’m net, want wy hè in útfanhúzer… Yep, ús pake… Dus dat is fette pech… Ja, dat ken it ik net helpe, ik wist net dat dy âld kearel hjir soe komme … Niks fan him anlûke? Bist net wiis? Hy kriget ommers in hartfersakking at it wer sa ’n sûperij wurdt as lêsten. Dan reitsje we moai djip yn de shit. Watte?… Us ynhâlde? Dat leaust sels wol, tink? It rint ommers altiten út ’e klauwen, man, wat lulst no… Hè? Op bêd stjoere? Fok hinne, man. At jim wer sa ’n kankerkabaal meitsje, ken er net sliepe en fertelt er it moarn fanself an Sytske. Dy flipte helemaal, de foarrige kear, toen jim alles deronder katst hiene… Nee, fanself bin ik net bang foor har, mar ik ken net oer dat fokking geëamel… Ja, no, hâld der no mar oer op. Tinkst dat ik der bliid mei bin dat dat fossyl sa noadich by ús pitte mut? Mar it ken toch ik wolris in kear ergens oars? Wêrom mut ík altyd de lul wêze?… ken it net by Patrick dan? Dêr binne wy noch noait weest. Dy motherfokker draait him der altyd foarwei… Man! (op syn Ingelsk, folge troch in djippe sucht) No, dan mutte we der noch mar ris even oer prakkeseare. Ik mut no ophingje, want de âld-baas komt der krekt an. Is goed. Ja, heu, de mazzel!

Dat is sa. Hy komt mei útstutsen hannen op Douwe ôf.

Pake: Goemiddei, Douwe. Hoe ’st mei dy, jong?

Douwe: Ah, pake. Ja, jù, syn gankje, no. Douwe jout pake in slop hantsje wylst er de oare kant op sjocht.

Pake: In skoft lyn dat ik dy en Nynke sjoen ha. Mei beppe har begraffenis foar it lêst, tink?

Douwe: Ja, dat ken wol. Allegearre drokten, no.

Pake: Wat hast allegearre by de ein, bûke?

Douwe: No, fan alles, je. Skoalle en sa.

Pake: En it âldereintehûs is ek net dyn favorite plak, tink?

Douwe: Eh, nee, net echt.

Pake: No, dat bin ’k mei dy iens… Eh, sille wy der even by sitten gean?

Douwe: No, ik mut einliks even surfe.

Pake: Dat kin ik dy net oanriede. It waait in stoarm en it reint pypstâlen.

Douwe: (laket) Nee, dat soarte fan surfen bedoel ik net. Ik bedoel op it internet. Mar dat sol pake wol net kenne, tink? Sa’n bejaardehús is krekt in soart fan tiidkapsule, wêr’t de tiid stil stiet, tink? It is foar jo no seker krekt of jo in reis mei in tiidmasine hè makke? Jo tinke fanself dat de weareld der noch krekt sa útsjocht as toen jo dêr hinne gongen.

Pake: No, ik ha wolris fan it ynternet heard, hear. Moatst my oars mar ris sjen litte, hoe ‘t dat giet.

Douwe: Ja, eh, dus pake bliuwt hjir wol in pear dagen?

Pake: No ja, mar ris sjen…

Douwe: (ropt) Sytske. Wurdt it noch wat my dy?

Pake dûkt wat yninoar at hy syn dochter sa troch syn pakkesizzer oansprekken heart.

Sytske: (ropt) Noch even. Jit mar even in bakje tee yn foar pake. It ha hjir in treppot fol.

Douwe: Pffff… Eh, wolle jo tee?

Pake: No, omdatst der sa op oanstiest.

Douwe: Hunh?

Pake: Ja, doch mar in bakje, woe ik dêrmei sizze.

Pake giet sitten en Douwe rint nei de keuken, komt mei de teepot en glêzen werom, jit in pear bakjes yn en giet dan ek mar by pake sitten. Tegearre oan de tee.

Pake: Dogge jim dat al lang? Jim heit en mem dookje en mei de foarnamme oansprekke?

Douwe: Ja, och, dat is der wat ynslûpt, toen se altyd mei syn beiden yn ’e clinch leinen.

Pake: Dat se oan in tsieren wiene, bedoelste?

Douwe: Hunh?

Pake: Hja wiene deilis?

Douwe: Watte?

Pake: Se hiene spul, dat woest sizze? Rûzje?

Douwe: Ja, whatever, mar noch folle mear dan Nynke en ik. Wy moesten hun folle faker útelkoar helje as sy ús. It wiene faak krekt lytse bern. Dan hè je op it lêst net sa folle respekt mear foor dy skrapers.

Pake: Foar dy wat?

Douwe: No, foar dy loosers. En bliuw dan mar ris beleefd. Dat wol dan ik net mear.

(moarn mear)

april 30, 2020 08:00
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.