Wüst earste yn einklassemint 1500 meter

maart 9, 2020 00:44

Ireen Wüst is it reedrydseizoen lang net min einige. Op Thialf ried hja yn de lêste wrâldbekerwedstriid fan de 1500 meter nei de oerwinning. Dat die se ek nochris yn in nij baanrekôr: 1.53,10. Wüst wint dêr it wrâldbekerklassemint ek mei. Antoinette de Jong ried harsels nei it fyfde plak ta.

It bleau lang spannend yn de rit fan Wüst tsjin Miho Takagy. De Japanske besocht de Friezinne yn de lêste meters noch foarby te gean, mar dêrby gie se ûnderút, sadat se op ‘e rêch oer de finish kaam. Wüst luts har dêr neat fan oan en ried de rapste tiid aller tiden op Thialf. Se ferbettere it baanrekôr, dat sy yn desimber 2018 sels riden hie, mei twa tsienden.

Frou De Jong ried 1.54,80 en seach dat yn de rit nei har Ivanie Blondin en Elizaveta Kazelina net oan har tiid ta komme koene. Dat betsjut dat se twa plakken omheech skood is yn it klassemint.

Boarne: Omrop Fryslân

maart 9, 2020 00:44
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.