Wurdearring wethâlder Achtkarspelen foar ûnderwiis en berne-opfang

maart 21, 2020 13:10

foto © Achtkarspelen

Wethâlder Jouke Spoelstra fan Achtkarspelen hat by ferskillende skoallen en ynstellingen foar berne-opfang yn syn gemeente op besite west. Yn bernesintrum Harkelein prate André de Jong, direkteur fan Tiko, him by: “We ha alles ûnder kontrôle en kinne op goede kontakten en meiwurking fan de âlden en liedsters rekkenje. Dêr bin ik bliid om.”

Yn Twizel krige de wethlder útlis oer ît digitaal thúsûnderwiis. “Is is in wûnder hoe gau oft de skoallen op alle ûntwikkelingen antisipearje”, sei Harrie Steenstra, direkteur Noventa. “Neidat bekend makke waard dat de skoallen ticht moasten, binne se o sa gau oan it wurk gien en jouwe de learkrêften ûnderwilens op ôfstân les. Dêr haw ik grutte wurdearring foar!”

Yn Koatstertille fertelde lokaasjedirekteur Jelle Dijksma hoe’t de âlden fan de learlingen ynformearre wiene en dat der lespakketten gearstald wurde, sadat bern mar ek âlden thús it ûnderwiis organisearje, njonken it digitale platfoarm.”

Spoelstra betanket út namme fan it gemeentebestjoer, mar ek fan de bern, elkenien foar de geweldige ynset, ek de âlden dy’t sels safolle mooglik yn eigen omkrite opfang organisearje.

maart 21, 2020 13:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.