WK Frysk damjen yn Frjentsjer begûn

maart 5, 2020 15:52

Yn Frjentsjer is tongersdei 4 maart it Frysk damjen om it wrâldkampioenskip (Fryslân Open) úteinset. It waard iepene op it skip Antigua troch de wethâlder fan Waadhoeke, Jan Dijkstra, dy’t sels in leafhawwer fan dy sport is. Hy hiet de spilers wolkom yn fjouwer talen: Frysk, Russysk, Italiaansk en Ingelsk, en die de earste set by it boerd fan de partij tusken de 14-jierrige Yaroslau Miklasheuski út Minsk (Wyt-Ruslân) en Piet Sikma út Hartwert. Ien fan de favoriten foar de titel. De Oekraynske skaakgrutmaster Vasil Ivanchuk sei in dei foar de iepening ôf omdat er bang wie it koroanafirus op te dwaan.

Favoriten Georgiev en Kooistra ûnderút
De 18-fâldige kampioen Taeke Kooistra ferlear yn de earste omloop fan de Wyt-Russyske kampioen Kanstantsin Nord. Wrâldkampioen Alexander Georgiev ferlear fan Fedde Wiersma. It like derop dat er him handich hanthavenje soe, mar hy ferlear úteinliks dochs.

Oan kop geane de tsjintwurdige Frysk kampioen Jalle Wiersma út Wommels en Folkert Groenveld út Jutryp, de iennigen dy’t alle trije partijen wûn hawwe. Groenveld fan de damklup Nocht en Kriich fan Aldegea wûn yn de tredde omloop fan de sterk spyljende Tsjech Vaclav Krista. Wiersma makket oant no syn favoriterol wier: yn de tredde omloop fersloech er Kees Tijssen oerstjûgjend kombinatyf. Op dy twa folgje fjouwer spilers mei 2,5 punt: de Litouwer Aleksej Domchev, de Wyt-Rus Konstantsin Nord, Hein de Vries en de 89-jierrige Sjoerd Couperus. Ald-wrâldkampioen Alexander Schwarzman stiet apart genôch noch mei lege hannen ûnderoan. Hy ferlear troch in iepeningsset fan Henk Haanstra.

Dy partij wie as earste út nei in iepeningskombinaasje fan Piet Sikma, dy’t him fjouwer skiven foardiel oplevere. Nei in healoere waard de partij dan ek wûn troch de Fries. Alexander Schwarzman moast der ek noch efkes yn komme. Hy seach in slach oer de holle, dy’t dêrmei beslissend wie. Jelle Wiersma behelle sadwaande in nuttige earste oerwinning.

Yn de earste omloop moasten Friezen tsjin net-Friezen. De Friezen wûnen krekt wat mear. Sjoerd Couperus wûn fan de sterke Belch Renaud Braye. Yn de twadde omloop wûn Couperus ek wer, no fan Piet Sikma. Yn dy omloop waard foar it earst remize spile yn twa partijen. De partij fan Georgiev tsjin Schwarzman waard dúdlik troch de wrâldkampioen Georgiev wûn.

Yn de oant no 45 spile partijen binne trij yn remise einige. In winstpersientaazje fan 93%.

Tongersdei 5 maart wurde op ’e nij trij omlopen spile op de Tallships Antigua en Elizabeth oan de Suderkade yn Frjentsjer. Yn de fjirde omloop spylje de koprinners Folkert Groenveld en Jelle Wiersma tsjininoar. Nei acht omlopen stride de earste fjouwer spilers om it rjocht om wrâldkampioen Marten Walinga út te daagjen.

Yn de earste omloop. Op de fooagrûn Kees Tijssen, links, tsjin Hans Jansen, dêrefter: Alexander Georgiev, links, tsjin Fedde Wiersma, dêrefter: Konstantins Nord, links, tsjin Taeke Kooistra. Foto © Guus van der Sande.

Stân nei trije omlopen
1  Folkert Groenveld  Fin3300355
2  Jelle Wiersma  Fin3300333
3  Aleksej DomchevGMI 2331  Fin32102.55.54.25
4  Konstantsin Nord 2094  Fin32102.55.54.25
5  Hein de Vries  Fin32102.553.75
6  Sjoerd Couperus  Fin32102.54.53.25
7  Vaclav KristaMI 2054  Fin3201263
8  Auke Zijlstra 2120  Fin320125.52.5
9  Kees Tijssen  Fin3201252
10  Hans JansenGMI 2293  Fin3201242
11  Taeke Kooistra  Fin3201241.5
12  Rein Jan Walinga  Fin320123.51
13  Cor Kooistra  Fin320123.51
14  Bauke Dijkstra  Fin3201231
15  Alexander GeorgievGMI 2445  Fin3201221
16  Henk Haanstra  Fin31111.52.50.25
17  Fedde Wiersma  Fin3102172
18  Petra Duskova 2013  Fin310215.51
19  Sjouke Schilstra  Fin310215.51
20  Dicky van der Meer  Fin3102151
21  Renaud Braye  Fin310214.50
22  Piet Sikma  Fin310214.50
23  Patrick CasarilMF 2138  Fin3102140
24  Michal Vitek 1860  Fin3102130
25  Liuwe Westra  Fin3102130
26  Sergej Korchjitskij  Fin30120.560.75
27  Alexander ShvartsmanGMI 2377  Fin300306.50
28  Darya TkachenkoGMIF 2197  Fin3003050
29  Herbert Tulleken  Fin3003040
30  Yaroslau Miklasheuski  Fin300304

 

 

 

maart 5, 2020 15:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.