Wiziging yn de programmearring fan Museum Belvédère

maart 23, 2020 09:25

Wurk fan Martin Jarrie (boarne: Museum Belvédère)

Hoewol’t Museum Belvédère no ticht is, wurkje se dêr efter de skermen hurd troch oan de programmearring. Fanwege de hjoeddeiske situaasje is besletten om ien eksposysje – op fersyk – te ferlingjen en twa oare útstallingen te ferpleatsen. De ûntwikkelingen yn ferbân mei koroana wurde fierder ôfwachte.

Martin Jarrie ferlinge
Te sjen o/m 28 juny 2020

De útstalling fan it fantasyfolle wurk fan Martin Jarrie is ferlinge oant de simmer. Bianca Stigter skreau yn NRC Handelsblad besiele oer de eksposysje. Der waarden ek opnamen makke foar ‘Nu te zien’. Sjoch hjir de útstjoering werom.

By de útstalling is in ryk yllustrearre katalogus ferskynd mei in tekst fan Hans Boer, dy’t ek de ekposysje gearstalde.

Wurk fan Edith Auerbach (boarne: Museum Belvédère)

Contre l’Oubli ferpleatst
Fan 4 july o/m 20 septimber 2020

Dit jier betinkt en fiert Europa 75 jier befrijing, frede en frijheid. Yn Museum Belvédère sil om dat tema hinne de bysûndere útstalling Contre l’Oubli te sjen wêze. Yn dat twalûk wurdt omtinken jûn oan it wurk fan Edith Auerbach (1899-1994) en Frank Lisser (1959).

Lês mear oer de eksposysje.

Wurk fan Jan Mankes (boarne: Museum Belvédère)

Jan Mankes útsteld
Yn ’e maitiid fan 2021 te sjen

Foar Jan Mankes (1889-1920) wiene bisten in dierber tema. In protte bisten observearre er yn ’e frije natuer, oare liet er op bestelling komme fia in woldwaner. De eksposysje omfettet skilderijen en wurken op papier. Der sil ek in nije publikaasje ferskine.

Wolle jo no al wat oer de keunstner lêze? Besjoch dan Jan Mankes – in woord en beeld, in spesjale útjefte oer it libben en wurk fan de skilder.

maart 23, 2020 09:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.