Willem Schoorstra besoarget ‘Poëtyske Edda’ by minsken thús

maart 21, 2020 09:27

Ofbylding: Het Nieuwe Kanaal

Mei’t de presintaasje fan sneon 4 april fanwegen de koroanamaatregels net trochgiet, komt skriuwer Willem Schoorstra nei syn lêzers ta. Elkenien dy’t in eksimplaar fan de Poëtyske Edda ha wol, kin dat by him oanjaan troch in berjochtsje mei namme en adres te stjoeren. It boek wurdt dan persoanlik troch Schoorstra by harren thúsbesoarge.

It boek wurdt mei moffen oan oerlange by it rút of by de doar, betelje kin mei in mei foly ôfdutsen pinapparaat. Kontant kin ek, mar dan mei past jild yn in slúf. Wa’t in sinjearre eksimplaar hawwe wol, moat dat yn it berjocht mei namme en adres der efkes by sette.

Sjoch ek op Willem Schoorstra syn Facebookside.

maart 21, 2020 09:27
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Hindrik Brouwer maart 31, 16:07

    wol graach in eks. fan De poetyske Edda ûntfange.
    m.fr.gr.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.