Werynrjochting Feanwâlden definityf gund

maart 18, 2020 08:32

De werynrjochting fan Feanwâlden kin begjinne. Oannimmersbedriuw De Samenwerking út Esloo hat fan de gemeente Dantumadiel de opdracht krigen foar it grûn-, wege- en wetterboukontrakt. Foar de grienwurksumheden komt in losse oanbesteging.

Foto: Wikipedy (publyk domein)

Nei in yntinsyf tariedingstrajekt koe yn jannewaris de oanbesteging foar it grûn-, wege- en wetterbouwurk opstart wurde. No’t de definitive opdracht ferjûn is, kin de oannimmer meikoarten begjinne. Wethâlder Kees Wielstra is bliid mei de definitive gunning: “It gebiet om it stasjon hinne en de âlde rûnwei lizze al lange tiid te wachtsjen om oanpakt te wurden. De definitive opdracht oan de oannimmer fielt as in opluchting, krekt omdat de oanbesteging bêst spannend wie. Einlik kin de skeppe yn ’e grûn!”

Transfearium en park
De oannimmer begjint yn april mei de wurksumheden. Yn ’e rin fan dit jier hâldt de ekstra sneltrein fan Grins – Ljouwert yn Feanwâlden stil. It stasjonsgebiet moat dan klear wêze. Der komme ekstra parkearfoarsjenningen foar sawel de auto as de fyts.

It stasjonsgebiet komt yn ferbining te stean mei it doarp, omdat de âlde provinsjale dyk ferdwynt. Dêrfoar yn it plak wurdt in park mei in wetterrike sône oanlein. By it spoar lâns komt in nije dyk, dy’t it stasjon oanslút op de rûnwei.

Kânsen yn Kearnen
De oanlis fan it transfearium en it park binne part fan it projekt Kansen in Kernen (KiK). De provinsje Fryslân en de gemeenten Dantumadiel en Tytsjerksteradiel ferbetterje de leefberheid yn Damwâld, De Falom, Feanwâlden, Hurdegaryp, Burgum en Garyp. No’t de Sintrale As yn gebrûk nommen is, komt der folle minder trochgeand ferkear troch dy doarpen.

Mear ynformaasje?
Sjoch op www.dantumadiel.frl/kansen of de Facebookpagina ‘KiK Feanwâlden’.

maart 18, 2020 08:32
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.