Wer Europeesk jild foar plattelânsûntwikkeling

maart 19, 2020 08:43

Noardeast-Fryslân kin fan ‘t jier € 925.000,- oan leefberensprojekten besteegje. Foar Noardwest-Fryslân is dat € 850.000,-. Dat jild komt út de regeling foar LEADER, in Europeesk ûntwikkelingsprogramma foar plattelânsgebieten.

Foto: Provinsje Fryslân

Leader-subsydzje is der om de leefberens te befoarderjen en de fitaliteit, wurkgelegenheid en oanlûkingskrêft fan plattelânsgebieten te stimulearjen. In wichtich útgongspunt is dat minsken yn it gebiet sels útmeitsje wat wichtich is foar de leefberens yn harren gebiet en dat se de projekten ek opsette. Foarbylden fan earder takende projekten binne it werbrûksintrum yn Grou en doarpshûs d’Alde Skoalle yn Hantum.

Twa tenders
Der binne yn 2020 twa perioaden (tenders) wêryn’t subsydzje oanfrege wurde kin. De earste tender is fan moandei 20 april oant en mei tongersdei 28 maaie. Yn septimber set de twadde tender útein.

Streekwurk
LEADER wurdt by de provinsje Fryslân koördinearre troch Streekwurk. De projektburo’s yn Frjentsjer en Burgum binne telefoanysk en fia e-mail berikber foar ynformaasje, stipe en antwurd op fragen. Op www.fryslan.frl/leader is mear ynformaasje te finen.

maart 19, 2020 08:43
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.