Waarpraatsje: Tiisdei mear sinne

maart 30, 2020 19:04

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in kâlde dei mei rûnom yn ‘e provinsje wat lytse buikes. Tiisdei is der wer wat mear sinne. It bliuwt foarearst oan de kâlde kant.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it, nei alle gedachten helder, mar hielendal wis is dat net. Der soe op guon plakken ek bewolking wêze kinne. By in swakke oant matige noardeastewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Tiisdei is der earst miskien noch bewolking, mar geandewei de dei sil de sinne ek flink skine. De wyn is swak en komt út it noardeasten. It wurdt 7 graden.

De oare dagen fan dizze wike feroaret der net safolle oan it waar.

Jan Brinksma

maart 30, 2020 19:04
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.