Waarpraatsje: Tiisdei en woansdei maitiid

maart 16, 2020 18:55

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei in hiel kreaze dei. Tiisdei en woansdei is it maitiid.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei binne der flinke opklearringen en op guon plakken kin damp ûntstean. De wyn wurdt súdwest en is swak oant matich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Tiisdei skynt de sinne flink, mar der is ek hege bewolking. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken de 10 en 13 graden.

Woansdei is it ek noch maitiid. Fan tongersdei ôf wurdt it in bytsje ritich en ek wer wat frisser.

Jan Brinksma

maart 16, 2020 18:55
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.