Waarpraatsje: Strieljend

maart 22, 2020 19:05

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreas en drûch wykein. Snein wie it sels strieljend waar, mar op beide dagen stie der wol een frisse wyn. Moandei sjocht der ek tige goed út.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder. De wyn komt út it súdeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit op de measte plakken krekt ûnder it friespunt.

Moandei skynt de sinne de hiele dei. De súdeastewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich. It wurdt in graad as 8.

Tiisdei feroaret der hast neat oan it skrale waar.

Jan Brinksma

maart 22, 2020 19:05
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.