Waarpraatsje: Soad sinne

maart 23, 2020 19:42

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie moandei op ‘e nij in strieljende mar ek frisse dei. Tiisdei en woansdei is der ek in soad sinne en it bliuwt oan de kâlde kant.

Yn ‘e nacht fan moandei op tiisdei is it helder, mar op guon plakken is wat hege bewolking net útsletten. By in swakke oant matige súdeastewyn leit de temperatuer om it friespunt hinne.

Tiisdei skynt de sinne wer de hiele dei, mar der is miskien ek wat hege bewolking. De súdeastewyn is matich, yn it Waadgebiet en boppe de Iselmar sa út en troch frij krêftich. It wurdt 9 graden.

Woansdei skynt de sinne wer hast de hiele dei.

Jan Brinksma

maart 23, 2020 19:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.