Waarpraatsje: Rêstich

maart 19, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie tongersdei in skiere dei, mar wol, sa goed as, drûch. It rêstige en drûge waar hâld foarearst oan.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is de loft berûn, mar der is ek kâns op inkelde opklearringen. De wyn komt út it noardeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. It wurdt 4 graden.

Freed is de loft earst berûn, mar letter op ‘e dei lit de sinne him sa út en troch ek sjen. De noardeastewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om de 7 graden hinne.

Yn it wykein bliuwt it drûch en is der (wat) mear sinne. De temperatuer leit oerdei ûnder de 10 graden en yn ‘e nachten om it friespunt hinne.

Jan Brinksma

maart 19, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.