Waarpraatsje: Offaller

maart 17, 2020 19:10

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreaze en drûge dei, mar troch de berûne loft foel it waar dochs wat ôf. Foar woansdei sjocht it waar der ek minder goed út as earder ferwachte waard.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is de loft berûn, al binne inkelde opklearringen net hielendal útsletten. De súdwestewyn is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich en yn it Waadgebiet krêftich. It wurdt 6 graden.

Woansdei is de loft foar it grutste part berûn en der soe wat storein falle kinne. De wyn giet yn ‘e rin fan ‘e dei nei it westen en wurdt swak oant matich. De temperatuer leit om de 10 graden hinne.

Tongersdei feroaret der net folle oan it waar.

Jan Brinksma

maart 17, 2020 19:10
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.