Waarpraatsje: Noch twa dagen (in soad) sinne

maart 25, 2020 18:59

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei al wer in strieljende dei sjocht it waar der foar tongersdei en freed ek goed út. Sels better as earst tocht waard.

Yn ‘e nacht fan woansdei op tongersdei is it helder en by in swakke oant matige eastewyn kin it in lyts bytsje frieze.

Tongersdei skynt de sinne hast wer de hiele dei. De wyn komt út it easten en is matich. It wurdt 10 graden.

Freed is der ek noch in soad sinne. It wurdt dan efkes wat mylder.

Jan Brinksma

maart 25, 2020 18:59
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.