Waarpraatsje: Mear sinne, drûch en kâlde nachten

maart 20, 2020 18:33

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in skiere freed mei sa út en troch in hiel lyts bytsje storein. Fan sneon ôf is der mear sinne mar wy krije wol kâlde nachten.

Yn ‘e nacht fan freed op sneon is it helder. De wyn komt út it noardeasten en is matich, by de kust lâns en boppe de Iselmar frij krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Sneon skynt de sinne geregeld mar der binne letter ek hingelwolken. De wyn komt út it easten oant noardeasten en is matich oant frij krêftich, by de kust lâns en boppe de Iselmar krêftich. It wurdt net folle waarmer as 8 graden.

Snein is der by in matige oant frij krêftige eastewyn mear sinne as sneon, mar it wurdt mei 7 graden noch wat kâlder. Koartsein; it wierret skraal.

Takomme wike bliuwt it, sa goed as, drûch en oan ’e kâlde kant, mei de earste dagen in soad sinne. Yn ‘e nachten kin it wat frieze.

Jan Brinksma

maart 20, 2020 18:33
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.