Waarpraatsje: Mear bewolking

maart 31, 2020 19:51

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – Nei in kâlde nacht mei yn Ljouwert (-5,1) sels matige froast wie it in strieljende tiisdei. Woansdei is der mear bewolking. It bliuwt noch in pear dagen oan de kâlde kant.

Yn ‘e nacht fan tiisdei op woansdei is it earst helder, mar letter yn ‘e nacht rekket de loft berûn en by de kust lâns is in buike net hielendal útsletten. De wyn is swak en komt út ferskate rjochtingen. De temperatuer leit tusken de +2 en -3 graden.

Woansdei is de loft berûn, mar de sinne lit him, nei alle gedachten, sa út en troch ek sjen. Op guon plakken soe in buike falle kinne. De wyn giet stadichoan nei it westen en is swak oant matich. It wurdt 7 graden.

Tongersdei en freed feroaret der hast neat oan it waar. Yn it wykein wurdt it waarmer.

Jan Brinksma

maart 31, 2020 19:51
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.