Waarpraatsje: Kreaze moandei

maart 15, 2020 19:25

Follegea. foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in kreas wykein mei op sneon in soad sinne, mar snein wol mear bewolking. It waar foar moandei sjocht der ek goed út.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is der earst in soad bewolking, mar geandewei komme der mear opklearringen. Op guon plakken kin it dat wat dampich wurde. By in swakke oant matige súdwestewyn leit de temperatuer om de 3 graden hinne.

Moandei is der flink wat sinne, mar ek wol (wat) bewolking. De swakke wyn komt út it westen oant súdwesten. It wurdt goed 10 graden.

Tiisdei en woansdei is it suver hast wat maitiid. It bliuwt drûch, der is sinne en it is oan de mylde kant.

Jan Brinksma

maart 15, 2020 19:25
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.