Waarpraatsje: Kâld

maart 29, 2020 18:00 Fernijd

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – It wie in fris en rûzich wykein. It bliuwt earst ek oan de kâlde kant mei kâns op wat nachtfroast.

Yn ‘e nacht fan snein op moandei is it helder. Yn ‘e rin fan ‘e nacht rekket de loft berûn en kin der in winterske bui falle. De wyn giet nei it noardwesten en is swak oant matich, by de kust lâns frij krêftich. De temperatuer leit om it friespunt hinne.

Moandei falle der inkelde (winterske) buien, mar yn ‘e rin fan ‘e dei sille wy de sinne grif ek sjen. De wyn komt út it noarden oant noardwesten en is matich, by de kust lâns frij krêftich. It wurdt 7 graden.

Op tiisdei is der mear sinne en bliuwt it drûch. Mei in graad as 7 is it op ‘e nij oan de kâlde kant.

Jan Brinksma

maart 29, 2020 18:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.