Waarpraatsje: Freed maitiid

maart 26, 2020 18:42

foto © Jan Brinksma

DE JOUWER – De sinne wit fan gjin ophâlden, mar fan sneon ôf is it foarearst dien mei it kreaze waar. Takomme wike wurdt it kâld.

Yn ‘e nacht fan tongersdei op freed is it helder. De swakke oant matige wyn komt út it easten oant noardeasten en de temperatuer leit om it friespunt hinne.

Freed skynt de sinne wer hast de hiele dei. De easte- oant noardeastewyn is matich, mar letter op ‘e dei by de kust lâns frij krêftich oant krêftich. De temperatuer leit tusken de 10 en 13 graden.

Yn it wykein is der minder sinne en wurdt it stadichoan kâlder.

Jan Brinksma

maart 26, 2020 18:42
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.