Utstalling Mar&Klif giet net troch (bywurke)

maart 19, 2020 12:08


UPDATE 19 maart 19.54 oere: it museum is yn ferbân mei de koroanamaatregels dochs tichtgien.

Mar en Klif. Foto © Aant Mulder

 

No’t alle grutte musea ticht binne fanwegen it koroanafirus is it oan te rieden en besjoch lytsere ústallingen. Bygelyks yn Aldemardum. Dêr is oant 4 april in tige nijsgjirrige fotopresintaasje fan de tolve moannen yn it jier te bewûnderjen.

 

Jan Tijsma, natuerfotograaf hat foto’s makke foar tolve panielen dy’t stik foar stik ferskate aspekten fan de natuer sjen litte. Net allinnich fan it lânskip sels yn it natuergebiet fan súdwestlik Fryslân en de Fryske Marren yn alle seizoenen, mar ek prachtige foto’s fan ferskillende fûgels yn deselde perioade. Alle panielen fertelle harren eigen ferhaal.

Moai om te sjen is de oergong fan alle seizoenen en de feroaring fan kleuren fan de greiden, bosken en it wetter yn de sleatten en marren. Tijsma makket benammen foto’s yn ien fan de tweintich Nasjonale Lânskippen, te witten it gebiet tusken de Ofslútdyk, De Jouwer en De Lemmer. Net allinnich binne dêr ferskate lânskippen mei wrydsk útsjoch en fansels prachtige loften, mar ek de histoaryske stêden en doarpen. Njonken de Iselmarkust bestiet dat gebiet út fean mei leechlizzende parten en marren. Fierder de stowâlen yn Gaasterlân en de sangrûn by Langwar. En fansels in grut diel klaai mei diken en terpen. Koartsein, dy fariëteit komt moai ta útdrukking by de eksposysje.

 

maart 19, 2020 12:08
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.