Utslach Waadhoeke Toernoai 3 maart

maart 5, 2020 09:22

Waadhoeke Toernoai sette tiisdei om 15.00 oere útein mei it tredde FRYSK!-skoaldamtoernoai.

winneres Abigail Bester (foto: Siep Buurke)

De famkes lieten sjen dat se net ûnder hoege te dwaan foar de jonges. Sterker noch, de earste twa plakken waarden ynnaam troch famkes. Earste waard de 12-jierrige Abigail Bester út Minnertsgea. Hja waard oertsjûge winner mei 6,5 punt út sân partijen. Hja moast ien remize tastean. Mei har earste plak hat se har pleatst foar de foarwedstriden fan it WK FRYSK! op sneon.

Twad waard Chantal de Vries mei seis punten. Tred waard Teije Stor mei 4,5 punt. Yn totaal diene 23 bern mei. In protte dielnimmers moasten noch oan it tempo wenne. Uteinlik holden in stikmannich bern mear tiid oer as dêr’t se mei begûn wiene, mei’t der hieltyd tsien sekonden by kaam.

Wrâldkampioen damjen Alexander Georgiev sjocht ta (foto: Siep Buurke)

Programma dizze wike:
Freedtejûn, Planetarium Eise Esingastrjitte 3, 19.30-22.30 oere: earste omgong Grutmaster- en Mastertoernoai (finale). Sneon oerdei, Stedhûs, Riedhúsplein 1, oanfang 10.00 oere: twadde en tredde omgong Grutmaster- en Mastertoernoai.

Neist it kandidatetoernoai wurdt it WK FRYSK! spile. Sneon oerdei, Koarnbeurs, Noard Noardside 2, boppefoyer, 10.00-16.30 oere. Kwalifikaasjetoernoai FRYSK! Snein, Stedhûs, Riedhúsplein 1, 10.00-16.30 oere: fyfde offisjele Wrâldkampioenskip FRYSK!

maart 5, 2020 09:22
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.