Tûzenen breidspearen op syk nei nije troudatum troch koroanamaatregels

maart 27, 2020 08:51 Fernijd

Tûzenen breidspearen fersette harren troudei fanwegen de nije koroanamaatregels, sinjalearret theperfectwedding.nl. No’t troulokaasjes ticht binne en maksimaal tritich gasten tastien binne by de seremoanje, kieze in soad breidspearen derfoar om op in oare datum te trouwen.

Foto: pixabay.com

Sarah Glasbergen, oprjochtster fan theperfectwedding.nl, kriget in soad berjochtsjes fan breidspearen: “Ik tink dat sa’n 80 oant 90% fan alle breidspearen der dochs noch foar kiest om op in oare datum te trouwen. It giet om goed 12.000 trouwerijen dy’t ferset wurde moatte.” Foaral yn maaie stiene in soad trouwerijen plend. Op 15 maaie bygelyks 1.600 en 22 maaie soe foar 1.400 breidspearen de dei wêze dêr’t se inoar it jawurd op jaan soene.

In pear breidspearen kieze derfoar om de seremoanje yn it gemeentehûs wol trochgean te litten op de oarspronklike datum. It plende troufeest wurdt dan wol ferset, omdat alle troulokaasjes op dat stuit ticht binne.

Druk is grut op de troubrânsj
De situaasje soarget foar druk op de troubrânsj as de maatregels ienkear opheft wurde. Leveransiers binne beheindyn harren fleksibiliteit, fanwegen de grutte skaal dêr’t trouwerijen op ferset wurde moatte. Breidspearen dy’t harren troudei nei de hjerst fersette wolle, krije bygelyks te meitsjen mei lokaasjes dy’t dan al folboekt binne. En om’t trijekwart fan alle trouwerijen op freed en sneon binne, is op dy dagen de kapasiteit beheind.

Boppedat kinne stellen faak net mear fan leveransier wikselje omdat der in oerienkomst is. Breidspearen sille dus mei alle ferskillende leveransiers om ’e tafel moatte, dy’t it tagelyk drok hawwe mei it fersetten fan oare al plende trouwerijen. Faak binne der sa’n 15 oant 20 leveransiers belutsen by in trouwerij: in logistike útdaging om mei al dy leveransiers in nije datum ôf te stimmen.

Oplossingen: troch de wike trouwe of in wintertrouwerij?
De populêrste mominten om te boaskjen binne freed, sneon en yn ’e maitiid. De winter is oer it algemien in rêstiger perioade as it om trouwerijen giet. Op snein of troch de wike binne der faak ek minder trouwerijen. Dat betsjut dat der mear romte is yn de aginda fan trouleveransiers.

Sarah Glasbergen jout ta dat leveransiers it dreech hawwe: “Breidspearen kinne no spitigernôch net fan harren leveransiers ferwachtsje dat dy yn it ûneinige fleksibel binne. It is yn dizze tiid ek saak foar breidspearen om har fleksibel op te stellen en wat mear out-of-the-box oer harren grutte dei nei te tinken. In sneinske trouwerij of in wintertrouwerij kin bygelyks krekt super sfearfol wêze!”

maart 27, 2020 08:51 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.