Trijetûzen boeren bang foar privacy

maart 12, 2020 08:52

Boeren sitte yn noed oer harren privacy no’t claimklup MOB fia in juridyske proseduere de gegevens fan ûndernimmers dy’t in PAS-melding diene, iepenbier meitsje wol. Tongersdei tsjinnet dêr in rezjysitting oer yn de rjochtbank yn Grins. Foar LTO Noard is it iepenbier meitsjen fan al dy gegevens ûnakseptabel, seit regiofoarsitter Trienke Elshof.

Foto: Wikipedia/Brian Robert Marshall – lisinsje CC BY-SA 2.0

“Krekt as gewoane boargers hawwe boeren ek rjocht op privacy”, seit Elshof. “De oerheid is dat mei ús iens en wegeret dêrom de gegevens fan dy ûndernimmers te fersprieden. De ynformaasje dêr’t MOB efteroan sit hat hast altyd te krijen mei in boerebedriuw dêr’t de ûndernimmer mei syn famylje wennet en wurket. By it iepenbier meitsjen fan lokaasje en nammegegevens wurde de persoanlike libbenssfear fan de ûndernimmer en syn húshâlden skeind. Dêr fersette wy ús tsjin.”

Elshof hat argewaasje fan de opstelling fan de claimklup, dy’t earder fan ’e wike yn Oerisel fia de rjochter al besocht ôf te twingjen dat boeren in fergunning hawwe moatte om de kij yn ’e greide rinne te litten. Undernimmers dy’t ûnder it PAS gjin fergunning oanfreegje koene mei’t de stikstofemisje te lyts wie, moasten in melding dwaan. Nei de útspraak fan de Steatsrie fan 29 maaie 2019 wiene dy meldings net mear jildich. LTO Nederlân en de regionale LTO-organisaasjes hawwe hieltyd beklamme dat dy ûndernimmers net dupearre wurde meie.

Minister Schouten hat tasein dat de situaasje fan de PAS-melders legalisearre wurdt. Mei’t de meldings troch PBL en RIVM al opnaam binne yn it basispaad fan stikstofemisjes hat dat gjin negative konsekwinsjes foar it ûntwikkeljen fan de lanlike stikstofdeposysje yn 2020, seit it ministearje. Mei oare wurden: it legalisearjen fan de meldings soarget net foar ekstra emisjes, ek net yn ’e modellen fan PBL en RIVM.

maart 12, 2020 08:52
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.