Tine Hovenga en har geheim (ferhaal)

maart 14, 2020 07:00 Fernijd

Resint ferskynd

Tine Hovenga wie tefreden oer hoe’t har libben ferrûn. Se hie goede freonen. Har wurk as learares oan de mavo foldie har goed. Se hie de romte om yn de fakânsje allinne nei fiere lannen te gean. Se sei wolris by harsels, dat se in folmakke libben late.

Dêr kaam in ein oan doe’t se in Ingelsk boek fan in freondin krige. Se lies it yn ien rek út. It wie oft se oer harsels lies. De haadpersoan, Anne, hie twa kear ferloofd west en hie dat samar útmakke. Dat hie sy ek dien. Se hie ek langst om mem te wurden. Se frege har ôf oft dat ek net foar har jilde. Se wie jaloersk op har susters en freondinnen, omdat dy bern krige hiene. Sa no en dan as se in swier frommes rinnen seach, fielde se dat se soks ek graach ris meimeitsje woe. Anne hie soks oplost troch mei troude manlju om te slaan. Sa wie se mem wurden troch in swarte man. Dat gie Tine einliks te fier. Somtiden betocht se dat se mei frjemde dingen oan ’e gong wie. Se hie har ommers foarnommen om noait te trouwen en sels gjin man ea yn har libben ta te litten.

Boarne: pixabay.com

Op in jûn feroare der wat. It wie in op âlderjûn. In man stelde him foar as Theo Berkelboom. Hy wie de heit fan Alie, ien fan har learlingen. Hy siet deroer yn hoe’t it mei syn dochter gie. Sy wie har mentor. Faaks koe se him ried jaan. It wie drok, dêrom frege se him om der by har thús ris rêstich oer te praten.

Twa dagen letter siet Theo by har thús en hienen se it oer syn dochter. It praat kaam al gau op harren wize fan libjen. Theo liet trochskimerje dat in protte problemen mei Alie leine oan hoe’t it by harren thús omhear gie. Hy wie skieden en letter wer troud. Sy frou wie achtsjen jier en Alie ferdroech har eins net. Boppedat pasten se net byinoar. Foaral op bêd bûtere it net tusken him en syn frou. Hy woe bern hawwe en sy tocht dêr noch net oan. Theo gie wer fuort. Tine seach him nei. Se wiene hast like âld. Hy like wol wat op in Italiaan. As er lake, dan like it wol oft syn hiele antlit glânze. Se moast it mar werom sjen yn har boek. Se lies it wer nei. Sa giene Anne en John mei-inoar om. John wie ek net sa lokkich troud. Somtiden fielde it by har as wie se sels Anne.

Op in jûn stie Theo wer by har foar de doar. Hy hie in sintersk boadskip. Se nûge him der dochs mar yn. Se praten in skoftke oer deistige dingen. Se sette kofje en doe’t se werom kaam, siet Theo dêr mei in bleat boppeliif. Se seach him ferheard oan. Theo lake har ta.

‘Do seist sakrekt datst my in knappe keardel fûnst. Ik tocht dat ik mear fan my sjen litte moast. Befiel my mar ris.’

Tine begûn him hiel wifeljend oer de rêch te striken. Hy late har hân hieltiden mear nei oare plakken. Se begûn fûler te striken. Sa yntinsyf hie se noch noait mei in man omgien. Se fielde dat se sels ek oars as oars waard. Theo murk dat.

‘Sille we op bêd ús spultsje útspylje, myn skat?’
‘Dêr bin ik noch net oan ta, jonge. Kom in oare kear mar ris wer.’
‘Ik bin wer ris oan de hastige kant. Mei ik oaremoarn wer by dy komme?’

Theo kaam wol in pear kear yn ’e wike by Tine. Tine liet alle skrutenens falle. As hy ris in dei net kaam, dan fielde se in langst nei him. Hy moedige har dan oan. Sa no en dan hierde Tine in simmerhúske. Se giene dêr dan in wykein hinne. Tine tocht somtiden wolris dat as har beppe witte soe wat se dêr tegearre úthellen, dat it dan swier ûnwaar wurde soe. Se fûn ek wolris dat se it útmeitsje moast. Der siet in geheim efter Theo. Mar dan wer moast se dêr om laitsje. Se hie ommers har foarnommen dat it bern dat se krije soe, it bern fan Theo en har wêze soe.

Se giene tegearre op fakânsje. Tine murk dat der eat mei Theo wie. Hy wie ûnrêstich. Wat der krekt oan ’e hân wie, krige se net te witten. Theo hie it der wolris oer dat, as syn plannen slaggen, hy in ryk man wêze soe.

Se kamen wer thús. Tine waard in bytsje ûnwennich. Se seach Theo net sa faak mear. Op in moarn harke se nei it nijs op de radio. Se hearde dat der in oerfal west hie op in jildauto yn Brabân. Doe’t se op skoalle kaam miste se Alie. Se gie ris op ’en paad om derefter kommen wêr’t Alie bedarre wie. De buorfrou wist har te fertellen dat Theo syn freondin en Alie midden yn ’e nacht ophelle wiene. In soad hie se der net fan sjoen. Tine betocht dat Theo miskien by dy oerfal belutsen wêze koe.

Op in dei hie Tine in gefoel dat se swier wie. Har oerbuorfrou, Jeltsje, wie ek swier. Dêr gie se hinne. De buorfrou moast derom laitsje. De earrebarre krige it mar drok yn de strjitte. Se giene tegearre nei wat Jeltsje de poppefangster neamde. Dy wie tefreden oer Tine. Se koe heal maart de poppe ferwachtsje.

Se moast kreamferlof hawwe. Se seach der swier tsjinoan om dêr mei de direkteur oer te begjinnen. In kollega fan har hie sels ûntslach nimme moatten. Doe’t se der oer begûn sei de direkteur dat er it tastie. De seksuele moraal wie no ienkear feroare.

Yn maart stjoerde de húsdokter har nei it sikehûs. In dei letter waard Teake berne. Tine hie it net oandoard om har soan Theo, nei syn heit, te neamen. Teake fielde it letter oan as hie er twa memmen. Ien foar oerdei as Tine nei skoalle ta wie. Hy hie ek ien foar jûns en as se frij wie. Foar him wie Hylke, de soan fan Jeltsje, syn broer. Se wiene hast altiten tegearre. Se hiene ek wolris rûzje. Hylke mocht graach mei autootsjes boartsje. Teake fûn soks mar neat.

Hylke hie op syn jierdei in autobus fan syn heit krige.
‘Hylke, as dit no in echte bus wêze soe, dan koene wy tegearre op fakânsje.’

Hylke tocht der ris oer nei. Hy beprate it ek mei syn mem. Dy sei dat se it ris besjen soe. In pear dagen letter kaam de fakânsje te praat mei Tine. Tine sei dat se deroer tocht om nei Frankryk te gean. As Hylke ek mei woe, koe soks.

De grutte fakânsje briek oan. Wiken foar’t se fuort giene makken de jonges al plannen. Tine hie in lytse camping by in fiskersplakje oan see útsocht. Hylke sette de beide tinten op. Hy hie der al sin oan dat Teake en hy wer ris byinoar sliepe soene. Teake koe dan syn spannende ferhalen kwyt. Ek guon dy’t syn mem net hoegde te witten.

Hast alle dagen giene se nei de merk yn it doarpke om farske fisk te keapjen. Op in middei frege ien fan de fiskers oan de jonges oft se gjin sin hiene om mei de boat fuort om te fiskjen. Tine seach ynearsten wat betinklik. Se hie it noait sa op de see hân. Mar Hylke wist har te bepraten. De beide jonges seagen nei it aventoer út. Mar de dei, foar’t se mei de fisker nei see soene, ferstûke Teake de pols. Hy seach Hylke sneu nei. Tine besocht him wat te treasten.

Samar sei Teake: ‘Mem, elkenien op skoalle hat in heit, mar ik net. Hoe kin dat no?’ Tine hie dy fraach al ris ferwachte, mar no kaam er har dochs oer ’t mad.
‘Ja, do hast ek wol in heit. Dy wennet yn in fier lân en dêrom sjochst him noait.’
‘Mei ik dan in foto fan him sjen?’
‘Dy haw ik net. De man, mei wa’t ik dy krige haw, wol net op de foto.’
‘As ik grut bin, dan sykje ik him wol en wis fyn ik him dan ek.’

Der kaam wer in ein oan de fakânsje. Teake wie wol ris fan doel om syn mem fierder nei syn heit te freegjen. Hy wie nijsgjirrich nei wat syn heit wol by de ein hie. Mar as hy de gelegenheid dêrfoar hie, doarst er it net te freegjen.

Tine hie, wat se neamde, har heimsinnige doaske. Dêr leine ek oantinkens oan Theo yn. Soms as se allinne thús wie, waard it doaske iepene. Se lies dan de brieven dy’t Theo har alle dagen as er fuort wie, stjoerd hie. Sa no en dan krige se der triennen fan yn ’e eagen. Se frege har noch hieltiten ôf wêrom’t er út har libben ferdwûn wie. Teake begûn wat langer wat mear op syn heit te lykjen.

Teake gie nei Dokkum fierder op skoalle. Hy wie fan doel om advokaat te wurden. Hylke fûn soks mar neat. Syn doel wie om automonteur te wurden. Mar se fytsten dochs faak tegearre nei Dokkum. Se slaggen beide.

Teake gie nei Grins om rjochten te studearjen. By de stúdzje moast er in âlde saak neigean. It gie oer in Theodorus Berkelboom. Dy man wie eins in riedsel bleaun. Teake seach, mei ferwûndering, dat dy man yn Damwâld wenne hie. Syn mem soe him wis wol kennen hawwe. Hy beseach de foto’s nochris goed. Dy man en hy liken opinoar. De jûns oertocht Teake alles nochris. De fraach kaam by him op oft dy Berkelboom syn heit net wêze koe. Hy sette alles op in rychje. De saak dêr’t er mei dwaande wie, hie twaentweintich jier ferlyn yn septimber spile. It koe dus sa wêze dat hy yn juny oanset wie. Hoe’t de krekte ferhâlding tusken syn mem en dy Berkelboom west hie, wist er net. Allinnichsteande memmen wiene meastentiids net sa iepen oer de manlju dêr’t se mei omgien hiene. Hy fûn it wol in spannend ferhaal oer dy twa miljoen gûne dy’t út dy auto helle wie. Trije dieders hiene se oppakke kinnen. Dy Theodorus hiene se gjin fierder spoar fan fûn.

De freeds dêrop wie Teake ier thús. Buorfrou Jeltsje hie tsjin him sein dat syn mem sein hie dat se tsjin fiven thúskomme soe. Op de tafel lei syn mem har heimsinnige doaske. Hy iepene it. Yn it doaske leine pakjes brieven. Se wiene kreas mei lintsjes ynpakt. Hy makke in pakje iepen en begûn te lêzen. Hy lies hertstochtlike brieven. De lêste rigel wie altiten: ‘Oer safolle dagen lizze wy wer tegearre. Dan meitsje wy ús soan.’ Hy wie der no wis fan. Dy Theodorus, de oerfaller, wie syn heit. Under yn it doaske leine foto’s fan in man en in frommes yn ferskate hâldingen. It wie him dúdlik op de foto’s stiene Theodorus Berkelboom en syn mem. Ut de stikken bliek dat der ek noch in dochter fan Theodorus wêze moast. Hy krige in idee. Om Krysttiid hinne kaam der meastentiids in kaart út Amearika. Ofstjoerster wie in Alice. Syn mem sei dat it in âlde freondin fan har wie. Hy frege him ôf hoe’t er syn heit wol sykje moast. Syn mem hie in adres. Hy burch alles wer op.

Tine kaam wer thús. Teake hie betocht om, ear’t er der mei syn mem oer begûn, alles yn him besinke te litten. De oare dei fertelde Teake syn mem oer wat er útfûn hie oer Theodorus Berkelboom. Hy seach dat syn mem skrok dat er der efter kommen wie. Se reagearre mei te sizzen: ‘Ik haw heard dat Theo deasketten is by in oerfal op in bank. Ik soe graach wolle datst net fierder sikest. Lit dyn heit rêste. Ik woe yn dy tiid besykje om mem te wurden. Dat is slagge. Ik bin grutsk op dy.’

Abe Westra

maart 14, 2020 07:00 Fernijd
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.