Suzuki Jimny aansen ek mei fiif doarren

maart 30, 2020 17:11

Foto: Bryan Walker / Unsplash

De Suzuki Jimny kriget in fiifdoarsfariant. Dat meldt it webstee autoweek.nl. De nije útfiering wurdt yn Yndia boud.

Suzuki hat it lytse autoke mei fjouwertsjiloandriuwing yn 1998 op ‘e merk brocht. Yn 2018 waard it model flink fernijd. No’t Suzuki de Yndiaaske merk feroverje wol, wurdt de Jimny op ‘e nij oanpast.

De Yndiaaske auto’s wurde boud yn Gujarat, troch Maruti Suzuki. Dêr wurde de bekende trijedoarsfarianten boud, mar ek fiifdoarsauto’s dy’t de yn Yndia populêre Hyundai Creta bekonkurrearje  moat. De fiifdoars-Jimnys wurde neffens Autoweek ek foar de eksport boud.

maart 30, 2020 17:11
Skriuw in reaksje

1 opmerking

  1. Jan Abbema maart 31, 11:43

    Wat hat dizze autoreklame op It Nijs te sykjen? As dit in advertorial is, mei dat der wol eefkes dúdlik by stean.

Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.