Spanje ropt de needtastân út om koroana

maart 13, 2020 17:41

Foto: GGD

It Spaanske regear hat de needtastân útroppen. Dêrtroch hat de oerheid mear foech as oars. De needtastân duorret foarearst fjirtjin dagen en hat as doel om de fersprieding fan it koroanafirus te kearen.

Troch de needtastân mei de oerheid minsken ferplichtsje om opnommen te wurden yn in sikehûs of yn karantêne te gean. Fierders mei de oerheid bedriuwen tydlik oernimme en produkten op ‘e bon sette.

Beskate stikken mei in soad pasjinten binne ôfset. Dy lizze benammen yn Kataloanië. Santich tûzen minsken meie harren wenplak net út. It Katalaanske regear hat plysje nei de gebieten ta stjoerd dy’t foarkomme moat dat minsken dochs besykje om it gebiet út te kommen.

maart 13, 2020 17:41
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.