Sophie Wilmès foarmet “coronakabinet”

maart 16, 2020 14:18

It wurdt yn it Belzelân al gekjeierich it “coronakabinet” neamd, it regear dat ynterim-premier Sophie Wilmès hjoed foarmje sil. It besykjen fan de seis grutste partijen om mei-inoar in needkabinet te foarmjen is fan ‘t wykein op ‘e non rûn en de Belgyske folksfertsjintwurdiging hat besletten om frou Wilmès in kabinet foarmje te litten dat in folslein hannelingsfoech kriget. It doel is dat dat benammen wichtige besluten nimme sil om it lân troch de koroanagoarre hinne te krijen.

It kabinet sil bestean út ministers fan de liberale partijen MR en Open VLD en it kristen-demokratyske CD&V. Opfallend is dat grutste partijen oan beide kanten fan ’e taalgrins, de N-VA en de PS, gjin ministers leverje sille. Wol hawwe dy tasein om it regear-Wilmès ynearsten te stypjen.

maart 16, 2020 14:18
Skriuw in reaksje

Gjin opmerkingen

Noch gjin opmerkings

Der binne noch gjin opmerkingen, mar jo kinne de earste wêze

Skriuw in reaksje
Sjoch opmerkingen

Skriuw in reaksje

Jo mailadres wurdt net sichtber foar oare besikers fan dit webstee.
As der in stjerke by in hokje stiet, moatte jo dêr wat ynfiere.*

This site uses Akismet to reduce spam. Learn how your comment data is processed.